Wepperkes -sneon-

Utslaggen 9-9
8 september 2006
Wepperkes -snein-
9 september 2006

SDS 1 – BroeksterBoys 1(1)
SDS en Broekster Boys (dit jier 50 jier jong) hawwe wol wat in ferline meielkoar. Bijgelyks yn 1983/1984 doe’t Broekster Boys kampioen waard en SDS op it twadde plak einige. Ut dy tiid 82/83 komt
dizze foto dy’t op de side fan Broekster Boys stiet.

SDS 1 – Broekster Boys 1(2)
Wedstrydsponsor Henk Bootsma hat hjoed wer prachtige foto’s makke by SDS-Broekster Boys. Klik hjir om sy te besjen.
Klik
Henk Postma hinget oan de broek fan in Broekster.

Wêr is Dirk-Yde syn fyts?
Dirk-Yde Sjaarda syn fyts is nei de wedstryd SDS-Broekster Boys troch in oar meinommen. It giet om in damesfiets. Wierskynlik fan it merk Batavus. Dirk-Yde wol him graach wer hawwe. Mail Dirk-Yde as je der mear fan witte.

Wêr is Harm Auke?
Sa’t wij al melden sille wij Harm Auke (Hampie) sneon net sjen op de Skoalleseize.Hij sil dus ek net skoare en dat sil him gjin deugd dwaan. Hij leit op it strân earne op Kos. Koskenner Jan  de Jong lit ús witte dat hij wierskynlik yn Mastihari sit. En warimpel wij seagen him op
it strân.

Ald tsjin jong
Sa as altyd traine SDS 4 en SDS 5 meielkoar. Yn de partijtsjes is it dan âld tsjin jong. Der wiene dizze kear 16 man op training (in seizoensrekord) en it is goed om te melden dat âld mei fan dee trije partijtsjes der twa wûn. Dat PvP der net wie kin der mei te meitsjen hawwe.

F3 super !
hspace=0
F3 lit er gjin twifel oer bestean: sij geane der foar dit jier. Yn de earste wedstryd waard it 9-0 tsjin Scharnegoutum. Klik hjir foar it ferslach fan “man fan de wedstryd” Piter van der Pol.

Grutste oerwinning
Op dizze moaie simmer sneon waard de grutste oerwinning helle troch  E4. Mar leafst 0-18 waard it tsjin Franeker E5. En at je witte dat se 2 kear 20 minuten fuotbaljen dan is it maklik út te rekkenjen dat er hast alle twa minuten in doelpunt foel.