Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
10 augustus 2006
Wa wint Cauberg-Cauberg 2006?
12 augustus 2006

SDS 1 oefent net, mar traint
Wij hiene gjin tsjinberjochten heard, dus mochten wij der fan út gean dat SDS 1 hjoed oefent tsjin SSS 1. Dy wedstryd soe jûn om 18.00 oere yn Marssum spile wurde. Mar wolkbreuken, stoartrein en oar ûnheil hat er foar soarge dat it fjild net bespylber is.  Anne Brouwer jout oan dat de wedstryd dus net troch giet mar dat er no om 17.00 oere traind wurdt yn Easterein.

Net op it trainen
Der wie yn alle gefallen ien man net op de training: Dirk Yde Sjaarda. Hij keatste yn de heale finale yn Dokkum bij de haadklassers en hij ferlear dêr jammerlik. Mei 5-5 en 6-0 foar gyng syn partoer nei de opslach. Dramatysk wie it ferfolch: Dirk Yde miste 4 kear en dêrtroch moast hij genoegen nimme mei de tredde priis.

Dêrfoar
Foardat it 17.00 oere is, binne der in hiel soad mooglikheden om de tiid nuttich te bestegen. Je kinne fansels keatse (at je maten hawwe en at je je opjûn hawwe) je kinne nei it IFKS skûtsjesilen yn Hylpen (want de beste stjoerlju steane ommers op de wâl), nei it fierljeppen yn Winsum (net fierder ljeppe as de pols lang is, giet al lang net mear op) of nei de hyndermaraton yn Kûbaard (dat is fergees dus net seure oer de drek dêr want in jûn hynder moatte je net yn de bek sjen)

Nij adres
Wa’t rie ha wol oer in provider, kin bij Aant telâne. Syn rie is “gean net nei Planet want it oare is allegear better”.
Noch altiten is binne syn eamil adressen net aktiveard dus mochten jim wat maile wolle dogge it dan nei
aanthofstra@hotmail.com

Fytse
Folgende wike sneon wurdt der wer fytst yn Valkenburg troch in bult SDS’ers en konsorten. Der binne 22 dielnimmers. Moarn kinne jim hjir de dielnimmerslist fine en oanjaan welke fytsers neffens jim it earste boppe binne.

Kaartsje
Noch altiten leit hjir it kaartsje foar de wedstryd fan Cambuur tsjin Veendam. It kinne wêze dat immen wol reageard hat mar dat de reaksje noch bij Planet leit. Dus mocht er dochs noch immen wêze( Sjoerd fan Beem koe it him net foarstelle) dy’t dit kaartsje ha wol, dan mar maile nei boppesteand adres. Wij sille de oanfraach fertroulik behannelje.

Hawwe jim noch wat te melden, doch dat foaral op ús bekinde adres.