Wepperkes -freed-

Freule wepperkes
9 augustus 2006
Wepperkes -sneon-
12 augustus 2006

Kistjes

Robert Hoekstra, spiler fan SDS 2 is syn wylde hierren al lang kwyt. Sa lang dat wij ús net iens mear sa goed herinnerje kinne hoe’t hij der ús seach as rocker.
En wij fregen ús ek ôf wat fan soart rocker hij no krekt wie.
In hardrocker, in punkrocker, in technorocker, in Normaal rocker of wie it gewoan in rokkenjaaier?
Yn alle gefallen hie hij syn kistjes noch wol op de souder stean.
Hij wie fan miening dat it net it goeie plak wie foar dy krease dingen en hij hat se dan ek belangeleas beskikber steld oan ien fan de rockers fan SDS 2. Ien dy’t syn wylde jierren letterlik en figuerlik noch net kwyt rekke is.
Nije wike wurde se testen Lowland.

It iepen EK (Eastereinder kampioenskippen)
In flinke buoi tsjin de jûn soarge der foar dat it trainen wol wat dreech wie yn Easterein. De A-seleksje hat de drege omstannigheden toch trotseare en sy trainden yn Easterein. Sy mochten úteinlik harren rûntsjes drafe om it B-fjild om it trainingsfjild wat te sparjen.

It iepen WK (Wommelser Kampioenskippen)
De B- seleksje socht de “droege”grûn op fan it sportfjild yn Wommels. Yn in ferlitten Freulesfear soarge trainer Remco Bervoets der foar dat de mannen harren rûntsjes draaiden en it pisjen (Bote) efkes útstelle moasten.

It wie dúdlik te sjen dat de trainingsoeren fan dizze simmer bij guon spilers fertuten dien hie.


Nei ferrin fan tiid foarm him in “kop” groepke ….efteroan

Dreech
SDS 1 mei folgende wike sneon foar it earst los yn de beker. Sy spylje dan om 17.00 thús tsjin Haadklasser ONS. Dat dit in drege dobber wurdt mei dúdlik wêze. By SDS 1 misse der folgende wike noch al wat spilers en ONS is al inkelde wiken drok oan ’t trainen. Fan ‘e wike hawwe sy oefene tsjin 3e-Klasser Nijlân. De earste 30 minuten bleaun it 0-0, mar doe Sander van der Heide c.s. it op ‘e heupen krigen wie der neat mear te rêden foar de Nijlanders. It waard úteinlik 7-0 foar ONS.

Net oefenje
SDS 2 soe folgende wike sneon oefenje tsjin Broekster Boys 2. Dizze wedstryd giet net troch.

Sjoerd op de tillegraaf mei de fotograaf
Op de Freulepartij sit Sjoerd van Beem altyd op de tillegraaf dy’t it tichst bij de Viptinte stiet. Dat sil wol tafal wêze. Mar wij fregen ús wol ôf wat dy fotograaf bij Sjoerd die? En hoelang dit taferieltsje duorre?

Klean
It wie wol wat mei de klean fan SDS 5 spiler Sipke Hiemstra. Omdat hij skiedsrjochter wie op de Freulepartij, kinne je fansels net bij in buike fuortdûke ûnder in wetterkearder of flechtsje yn de tribune. Nee, dan litte je oan de sek ta troch wiet reine.
In oprop oan syn famylje soarge der foar dat hij letter droege klean krige. Tongersdei wie Sipke al wer yn Wommels. De klean helje, want dy wie hij hielendal fergetten.

A-s ek los
Freedtejûn komme de A-spilers foar de earste kear bijelkoar. Om efkes foar te trainen en nei te praten. Welke de A-spilers binne, kinne jim
hjir sjen.

Ynboargeringskursus
It gie sa goed mei Wichard Deinum yn Wommels. As Itenser wie hij goed dwaande om him aanst ek Wommelser neame te meien. Spitich dat hij sa krekt foar de ein fan de ynboargerings kursus in flinke misstap begie as oansteande Wommelser. No moat er wer hielendal op nij begjinne.

hspace=0
Fan herte jonges mei dit grutte sukses. Ek Wichard fansels.