Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
3 augustus 2006
Wepperkes -moandei-
6 augustus 2006

Lotte
Kommende woansdei is de Freulepartij. Dêr dogge wer in nust fol SDS-ers mei. Jim kinne se sels fine op de list dy te finen is de side fan de
keatsferiening yn Wommels.

Sirkus
It keatssirkus giet hjoed en moarn wer troch op ferskillende plakken. Sa is der yn Wytmarsum (hjoed) en yn Frjentsjer (moarn) in jongespartij. En  yn Frjentsjer moatte Wommels en Easterein fansels wer tsjinelkoar yn de earste omloop.
It fuotbalsirkus giet nije wike wer los.
Mar it
echte sirkus stiet hjoed yn Wommels op de Terp. Jûn en moarn binne der foarstellingen.

Nij leden
Der komme noch altiten nije jeugdleden bij. Sa kinne wij noteare dat Lourens van der Pol út Wommels en Jorrit Hofstra út Reahûs der fan ôf hjoededei ek bij heare.
Dat lêste is opmerklik want it oantal leden út Reahûs, dat dochs hiel ticht bij Easterein leit, is al jierren minder as 1.

Noch in kear PC
Fan Anco Elgersma krigen wij noch in pear foto’s fan de PC.


Dirk-Yde slaat op,


Feite slaat op


en Marten slaat ek op.


Feite oerleit efkes.

Der is ek noch in leuke filmopname fan Feite, mar dy komt om technyske redenen letter.