Wepperkes -moandei-

Wepperkes -sneon-
5 augustus 2006
Freule wepperkes
9 augustus 2006

Surpise-Act
In soad SDS’ers sieten it wykein yn it publyk by sirkus Malford yn Wommels. De moaiste act wie oan ’t lêst bewarre; de “Special extra surprise act van circus Malford”. Dit wie al efkes skrikken:

Mei tank oan JRF

Kening Feiko
Kommende woansdei is de Freulepartij yn Wommels. In oantal jeugdige SDS-ers dogge dêr oan mei. Bijgelyks Feiko Broersma fan Littens. Ofrûne snein wûn hij mei Grietzen en Knilles de generale fan de Freulepartij. Wat foar him ekstra leuk wie, wie it feit dat hij kening fan de partij wurden is.


Feiko wie ek ferline jier al op de Freulepartij

Hokker SDS-ers dogge der noch mear mei?
Easterein:
Jelte Pieter Dijkstra
Ewout de Boer
Sytse Kooistra

Wommels:
Eeltsje Postma
Jort Strikwerda

Itens
Peter Stuiver

Lollum
Gerben Strikwerda

Wij winskje se allegear in soad sukses ta.

Valkenburg
Op sneon 19 augustus sil de Cauberg yn Valkenburg wer beklommen wurde mei de fyts troch ferskeidene SDS’ers. Wa mailt ús de list fan de dielnimmers? Dan kinne wy wer in gokje weagje op degene dy ’t it earst boppe is.

Soe Dirk-Yde wer winne?

Lowlands
Op sneon 19 augustus binne der mear SDS’ers op út. Û.o. Dennis Dijkstra, Sjoerd Rispens, Kees Adema, Jan Stenekes,Ype Tiemersma en Willem Wijnia hingje dan om op
Lowlands. Mei oare wurden; sy binne dan de polderboys.

Jierdei!
Jacob-Klaas Haitsma is hjoed 22 jier wurden. Fan herte lokwinske!
hspace=0

Kaartsje
Ien fan ús wie sa stom om nei in oefenwedstryd fan Cambuur te gean. Dat wie mar in koarte wedstryd  en je koene dêr wer hiel wat freeslike ferskes heare.
It kaartsje fan dy staakte wedstryd yn Frjentsjer jout no frije tagong ta de wedstryd fan Cambuur- Veendam op 18 augustus.
Helaas kinne wij dêr net hinne: wij binne net goed fersekere tsjin ûngeregeldheden. Mocht er immen wêze, dy’t wol in risiko nimme wol, dan kin dy it kaartsje fan ús krije. It kost neat.
Maile kin nei
sds-nijs@planet.nl