Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
20 juli 2006
Wepperkes -snein-
23 juli 2006

Wis fan PC
Undanks it ferlies fan Marten Faber yn de earste omloop yn Itens is hij wis fan PC pleatsing. Ek it partoer fan Feite is no wis. Syn maten ferlearen yn de earste omloop mei Jehannes Dijkstra as minne ferfanger, mar troch oare útslaggen kin it net mear stikken. Geweldich mannen, want mei Erik en Jacob Klaas Haitsma en Dirk Yde Sjaarda binn der 5 SDS-ers op it Sjûkelân dwaande op 2 augustus.

Kompetysje-yndielingen
Ek de kompetysje-yndielingen fan alle junioaren en pupillen fan SDS binne bekend. Klik
hjir foar de junioaren en hjir foar de pupillen.

Teamyndielingen
De nije teamyndielingen fan de jeugd binne noch net by ús bekend.

Ien team minder
SDS hat by de jeugd 1 team minder as foarich siezoen om dizze tiid. SDS hat kommend seizoen gjin A2 en C2 mear. Wol is der in B2 bykommen. Der is kommend seizoen earst ek net in F5, mar dy komt der miskien nei de winterstop wol wer lykas foarich seizoen.

Earste training
Sawol de A-,B- as C-(=SDS 3)seleksje hawwe op tiisdei 8 augustus harren earste training. SDS 4 en 5 begjinne op tongersdei 17 augustus. 

Wol of net?
Foarige wike melden wy dat wy mooglik 2 nije leden hienen yn de persoanen fan Gerrit Flissijn en Wesley Hoitinga. As dit trochgiet is noch net dúdlik. Beide hawwe harren noch net oanmelden as nije leden.

SC Heerenveen
Wa ’t benijd is hoe ’t SC Heerenveen it docht yn de tarieding op it nije seizoen kin jûn nei Beetstersweach. VV De Sweach bestiet 75 jier en organisearet dêrom in oefenwedstryd tusken SC Heerenveen en Genclerbirligi út Turkije. de wedstryd begjint om 19.00.

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Letter mear!