Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
22 juli 2006
Wepperkes -moandei-
23 juli 2006

Programma SDS 1 bekend
It kompetysje-programma fan SDS 1 is bekend. SDS 1 begjint op sneon 2 septimber mei in útwedstryd tsjin Be Quick Dokkum. Op sneon 9 septimber spilet SDS 1 syn earste thúswedstryd tsjin Broekster Boys. Klik
hjir foar it hiele programma.

Wyldpisje(2)
Hjir noch efkes spesjaal foar Rudy en Gerlof-Jan(sjoch de wepperkes fan forige wike snein) Lik op stik fan Duo Ferbean(klik hjir).

Meet Bono & greet Mick
Under dizze utdaagjende titel waard sneontejûn op é Jouwer yn Heremastate in muzykjûn holden mei de bands U2nl en The Stolling Rones. Mear as 1000 U2 en Stones fans koene genietsje fan de prachtige muzyk fan beide bands. Dizze jûn waard organisearre troch sportklup Joure.

Allee, allee
Yn it skoft fan dizze jûn rekken wij efkes oan de praat mei ien fan dy frijwilligers fan sc Joure, dy’t bij it stek stiene “op te passen” . En net samar ien, want it wie de eardere proffuotballer fan sc Heerenveen, GVAV en AZ: Henk Zoetendal. Fansels kaam SDS ek efkes te praat omdat hij yn syn traineresperiode bij sc Joure ek tsjin SDS fuotballe hie.
“Moaie klup” sei er, ” mei dy broers, hoe hjitte se ek al wer”. (Ypma, Okkema, Hiemstra, Sijbesma, Postma??)
“Mar wat mij altyd bijbliuwt fan SDS wie it oanfiterjen fan elkoar. En hiel apart fûn ik: dat diene se allinne bij SDS mei de wurden : “Allee, allee jonges”
Ik haw letter wol sjoen doe’t ik wat faker bij it keatsen kaam dat it bij keatsen just hiel gewoan is om elkoar oan te fiterjen. At ik it no oer SDS ha, dan tink ik altiten oan dat “allee”.

SDS WK-League
It prizenjild fan de SDS WK-League is ynmiddels oermakke.

Werom út Kanada
Feite de Haan komt folgende wike spesjaal fan fakansje út Kanada werom om op syn 29e syn debút te meitsjen op de P.C. yn Frentsjer. Klik hjir foar in artikel hjiroer op de webside fan de KNKB.














Hy komt fansels net foar ien omloopke werom….



Jongfeintepartij
Kommende woansdei is de Jongfeintepartij yn Easterein. Hjir dogge fêst ek inkelde SDS’ers oan mei. Juster is de lotting west, mar de útslach hjirfan is ús noch net bekend. Hâldt de webside fan KF easterein yn de gaten(klik hjir).

Dennis Bergkamp
Juster stie hie foar it lêst op in fuotbafjild. Ien fan de beste fuotballers dy ’t wy hân hawwe. Sjoch hjir noch efkes nei in stik of wat skitterende aksjes fan Dennis Bergkamp(klik hjir).