Wepperkes -sneon-

Wepperkes – freed –
16 juni 2006
Wk nei 23 wedstriden
16 juni 2006

Marije
Jan Stenekes fan SDS 3 en Lisanne hawwe in dochter dat is wol dúdlik te sjen yn it Bosk yn Wommels. In earrebarre en in boerd mei in sprekkende tekst steane yn de tún. En dat allegear foar Marije.

Equador
Wij hawwe fansels al efkes sjoen nei de achtste finalisten. Ferrassend is dochs wol wat dat Equador him pleatst hat foar de folgende ronde. Der binne 8 dielnimmers dy’t dit goed foarsein hawwe, wêrûnder Peter Sijbesma dy’t heech yn it klassemint stiet. Elk lân dat je goed foarspelle levert 25 punten op. At er in poule hielendal útspile is, ferwurkje wij dit gelyk yn de tuskenstân.

SDS 2 yn de kransen
Bij it feestenkeatsen yn Wommels foelen de trainingspakken fan SDS 2 wol hiel slim op, want Dennis Dijkstra en sponsor Rudolf de Jong keatsten der yn en wûnen yn de A-klasse mei Eeltsje Postma (A-spiler)

De Black Boys fan Easterein
It federaasje keatsen (C-klasse) yn Snits waard ferline wike wûn troch trije Eastereinders. Sij wiene út de skroeven, sa slim sels dat se yn feite wol út de klean woene. Soks dogge je fansels net ek al reitsje je fol fjoer troch it barpersoneel fan Black Boys dat mei of sûnder de betsjinning docht.
Fansels wisten de Black Boys fan Easterein harren yn te holden. Freegje dat mar nei bij Kammie en Kingma.

Jeugdfuotbaldei
Wol wat let mar dochs noch tige nijsgjirrich binne de foto’s fan de jeugdfuotbaldei yn it Fean wêr’t ek in pear SDS-ers meidiene.