Wepperkes – freed –

WK klassemint nei 20 wedstriden
15 juni 2006
Wepperkes -sneon-
16 juni 2006

Jappie nei Stuttgart
Jappie Wijnia is fanne moarn mei it fleantúch ôfsetten nei Stuttgart om hjoed de wedstryd fan Nederlân tsjin Ivoorkust te besjen. Wij binne benijd nei syn belibbenissen

Jan is heit wurden
Jan Stenekes is heit wurden. Alteast dat hawwe wij fia fia heard. It skynt dat hij en syn freondinne in dochter krigen hawwe. Al fêst fan herte lokwinke en wij benijd nei de namme.

Doarpsfeest
Undanks it doarpsfeest yn Wommels sille wij hjoed de WK poule goed bijhâlde. Nei ôfrin fan alle wedstriden besykje wij de stân bij te wurkjen.

Kopke derbij
Mocht van der Vaart hjoed meifuotbalje, dan hoopje wij al dat er de kop er goed bij hat. Want at van der Sar efkes meigiet nei foaren om bijgelyks de winnende der yn te koppen dan kinne je net weromspylje.

Oantal giele kaarten
Yn de 20 wedstriden dy’t no spile binne, waarden 91 kaarten jûn troch Ivanov en syn maten. Dat is in gemiddelde fan 4,55 per wedstryd. At dit sa troch giet komme wij út op 291 kaarten totaal en dan binne de folgende dielnimmer kânsfol foar wat ekstra punten yn de Wk league:

Gerrit Koudenburg 270
Sytze Jorritsma 273
Wybren Jorritsma 277
Meinte Wesselius 302
Namkje Koudenburg 304

Dit binne tagelyk de 5 dy’t it heechste oantal rieden hawwe.

hawwe jim nijs, mail it nei sds-nijs@planet.nl en info@vv-sds.nl . Dan komt it bij beide wepmasters.