Wepperkes -sneon-

SDS en Talpa
26 mei 2006
De SDS WK League!
27 mei 2006

De SDS WK League

It is safier!! Jim kinne jim ynskriuwe foar de SDS WK League. Klik
hjir om der alles oer te lêzen en it dielnimmersformulier del te heljen. De earste formulieren hawwe wy al binnen.

Lêste wedstryd
SDS A2 spilet hjoed syn lêste wedstryd. It wurdt allegear wat yngewikkeld mar it sit foar hjoed sa: Om 11.30 oere fersamelje yn Easterein en om 12.30 fuotbalje yn Snits tsjin ONS. Sukses!!

In eintsje rinne

Geert Hiemstra levere dizze wike in geweldige prestaasje: hij rûn de 11 stêdentocht. Wij wiene der fansels bij (krekt as de hiele famylje) doe’t hij sneontemoarn tsjin 12 oere oankaam bij de finish bij it Fec. Foar de dúdlikheid: soan Auke hat de tocht net rûn.


Ek Pyt de Jong kaam om dy tiid hinne binnen. Fan Jelle de Boer en Jan van Asselt wie doe noch gjin teken fan libben, mar dy wiene ek wat letter starten.

Lucky Ajax
VV Heeg bestiet 75 jier. Sy hawwe dêrom grut feest. Jûn spilet Heech 1 as ôfslúter tsjin Lucky Ajax. By Lucky Ajax spylje û.o. Sjaak Swart, Arnold Mühren en Richard Witschge mei.

Út iten
Moarn sil de Trefferredaksje der ek noch efkes op út. Sy hâlde it beskieden en geane allinne efkes út iten nei restaurant Gonzales yn Snits.

Fakânsjebaantsje
No ’t Salomon Kalou net nei it WK giet siket hy in oar fakânsjebaantsje. Om seker te wêzen fan in ynkommen hat hy in plaatsje opnommen. Neffens ús wurdt it in sekere hit. Klik hjir om it te lústerjen.

Letter mear!