Wepperkes -sneon-

Utslaggen 6 maaie 2006
5 mei 2006
Wepperkes -snein-
6 mei 2006

Ticht

It lytse trainingsfjild foar de boxen is ticht.
Fanôf 1 maaie is it ticht omdat der ûnderhâld plak fun hat, en it trochsjidde is.
Groetnis bestjoer “Skoalleseize”
P.S. it fjild efter de sporthal is wol iepen.

Klaas de tún yn
De wedstryd fan SDS C1 tsjin Skearnegoutum is ôflast. De Skearnegoutumers hawwe mar 7 spilers. Moai sneu foar leider Klaas Pompstra. Hy moat no de tún yn.


Op de grize list
Mei in dikke gnysk op it gesicht joech Sjoerd Rispens tongersdeitejûn de langferwachte pasfoto oan Aant. “Geweldich Sjoerd, hast it formulier ek noch? “
“Moatst dat ek ha?”wie de ferbaasde reaksje fan Sjoerd.
Sjoerd stiet salang op de grize list.

Stellerij
De stellerij mei it keatsen is wer begûn. Tongersdeitejûn seagen wij samar ynienen Erik Haitsma in konkelfoezerij (onderonsje) hawwe mei Marcel. Hij wol dochs net mei Marcel stelle? Of soene wij takem jier bij SDS in spiler fan Cambuur krije?

Welke trije fuotbalje?
It is foar SDS in lijen dat keatsen. Gelokkich woe keatsferiening Wommels wol meiwurkje oan in goeie lotting bij de junioren. Wommels en Easterein tsjinelkoar om 10 oer betsjut dat er om 11 oere trije keatsers beskikber binne foar it fuotbaljen.

Traine
SDS 4 en 5 traine takem wike foar de lêste kear. It is te hoopjen dat er dan mear binne as de seis fan tongersdei. Willem, Gerlof Jan en Rudy moasten it al wer opnimme tsjin de âldsjes Sipke, Ids en Aant. De âldstsjes wûnen fansels wer.

De swarte list

L.J. VD BRUG HENNAARD
Y.   BURGGRAAFF LOLLUM
J.   DOTINGA WOMMELS
F.E.   DUIPMANS EASTEREIN
TJ   HOEKSTRA EASTEREIN
J.   JORRITSMA ITENS
D   KOOL KUBAARD
K.   MALDA WOMMELS
S.   NAUTA ITENS
T.   VERMEULEN KUBAARD
C   GAASTRA EDENS
R DE KROON HIDAARD
M   POSTMA RIEN
W J   POSTMA WOMMELS
G.   RIENSTRA WOMMELS
W.H. VD SCHAAR WOMMELS
A.C.   STRUBBE WOMMELS


Om misferstannen foar te kommen: dit is de swarte list fan minsken dy’t de foto en it formulier net ynlevere hawwe. It giet dus net om kontribúsje efterstân. De fraach is fansels wol wat slimmer is.

Letter hjoed fêst mear