Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
5 mei 2006
Wepperkes -moandei-
7 mei 2006

SDS 4 hellet yn
Kommende  tongersdei spilet SDS 4 de thúswedstryd tsjin Lions 2. It begjint om 19.00 oere

SDS museum
De oprop fan Sibe de Seefûgel om ideeen oan te jaan wat er yn it SDS museum moat hat al wer in reaksje oplevere.: Neffens Klaas Okkema moatte de kissies fan Willem der ek yn.

Hawwe jim noch mear ideen oer wat er yn SDS museum moat, mail it
ús

In euro per doelpunt
Skelte Anema wie sneontejûn sa grutsk as wat. Hij hie skoard en dat wie syn earste doelpunt dit seizoen. Neist de eare levere dit him ek noch in bijdrage fan syn heit op. “In euro per doelpunt” waard er sein. Neffens ús binne dat noch Efkes beleanningen. “In wykendsje fuort op kosten fan” dat komt tichter yn de buert.

Akku leech

SDS 1 liet net allinne 3 punten lizze yn Holwierde. Anne Brouwer liet de ljochten bârne fan syn “spilersbus” en liet dêrmei al syn stroom yn Holwierde. Nei in drege pot moast der dus ek noch drukt wurde. In soart straftraining dus.

Jan Clarence Stenekes
Jan Stenekes hie sneon de kâns fan syn libben om te skoaren. Hij mocht in strafskop nimme. Hij miste op beide doelen, want neffens yn ploechgenoaten seach hij alles dûbel.
Helaase wie Jan al fuort doe’t de fotograaf oankaam foar de tradisjonele Clarence sluier foto. Of is it hast luierfoto bij Jan.

Doelpuntenmakkers
Mei noch ien of twa wedstriden te gean is der noch altiten spanning yn it doelpuntenklassemint. Wichard Deinum stiet noch op twa doelpunten fan Ype en at Wichard kommende sneon de strafskoppen nimt dan kin hij samar op gelykense hichte komme. Sjoch
hjir foar de hiele stân.

Panini-sticker album
Juster siet bij de AD in öfficial Licensed sticker album fan WK.Mei alfêst 6 stickers fan Schneider, Djordjevic, Cacares, Cahill, Akoto en Dempsey. De rest moatte je keapje. Wa’t dit boekje graach hawwe wol, kin maile nei
Aant.

Utgeanstip
Hâlde je fan fuotbal mei in protte striid? En fan it wedstryd wêr’t it der omgiet? Sjoch dan hjoed yn Harns. Robur en Harlingen moatte tsjin elkoar. De winner hat de lêste periode. Bij ferlies fan Harlingen kinne se noch degradeare. De foarige wedstryd yn novimber wie in slachfjild. Harlingen ferlear mei 0-4 en is degradeard. Snue foar Jan Ydema de eardere trainer fan SDS.

Lucas en Gea
In pear wiken lyn wiene Lucas en Gea yn Easterein. Sy skine ea in hit hân te hawwem. Mar hoe hiet dat nummer ek al wer. Stoffel wol it noch graach efkes witte, hij stie der te fier ôf om it goed te hearen. Wol degene dy’t alles wit fan it Nederlânske liet
ús maile.

Hawwe jim noch nijs? Mail it ús