Wepperkes -sneon-

Nij trainingsfjild feestlik iepene
30 september 2005
Utslaggen 1 oktober
1 oktober 2005

Ôflast
SDS B1 hoecht hjoed net te fuotbaljen. De grutste fuotbalferiening fan Harns, Zeerobben, is net yn staat om genôch fuotballers foar de B1 byinoar te krijen.

Grutte ôfwêzige
Se mist net sa faak, mar sneon tsjin Viboa moast se ferstek gean litte. Gatske Hiemstra wie yn Littens. In grutte reunie mei har âld doarpsgenoaten wie foar har wichtiger. De kruk oan de bar bleau leech.

Fan herte lokwinske!
Sjoerd van Beem(SDS 3) is hjoed jierdei. Hy is 25 jier wurden. Fan herte lokwinske! Klik hjir om im ek lok te winskjen!

Ljochtwedstryd
In echte ljochtwedstryd wie der ôfrûne freed foar de pupillen fan F1 en F2. Nei de iepening mochten sij foar de talrike taskôgers in wedstryd fuotbalje.

Strafskop nimme
Wethâlder Jelsma iepene it fjild mei in strafskop op doelman Jesse Eringa fan F1. Foarôf joech Jelsma oan yn welke hoeke hij sjitte soe. Hij hold wurd.


Appie nei sikenhûs
Grutte ôfwêzige bij SDS 2 wie grinsrjochter Appie Posthumus. Hij is sneontemoarn yn sân hasten nei it sikenhûs brocht mei in beroerte. De tastân like sneontemiddei stabyl.

Kaaien
Yn de bestjoerskeamer binne ferline wike of al earder wat kaaien lizzen bleaun. It skynt fan in Golf te wêzen. Wa’t de lêste wike in protte rûn hat omdat dy de kaaien net fine koe, kin him melde bij de Hans Kooistra