Nij trainingsfjild feestlik iepene

Wepperkes -freed-
30 september 2005
Wepperkes -sneon-
1 oktober 2005

Mei it nimmen fan in strafskop hat wethâlder Jelsma fan de gemeente Littenseradiel it nije trainingsfjild iepene. Doelman Jesse Eringa koe de prima ynsjitten bal net keare.



Freedtejûn is it nije trainingsfjild offisjeel iepene. Alle leden fan SDS wiene fan herte wolkom om dit by te wenjen.

Letter dit wykein mear foto’s en in koart ferslach

De útnoeging seach der sa út:

Troch de ynset, moed en mankrêft fan ferskate bedriuwen, bestjoer en net te ferjitten frijwilligers is er der in skitterend renoveard en útwreide trainingsfjild realisjere.

Wy binne dan ek bliid om jo út te noegjen foar de iepening fan dit nije fjild op

FREED 30 SEPTEMBER o.s.

Jo binne wolkom om 19.00 oere yn de kantine op it sportfjild.

It bestjoer fan

Stifting Sportfjilden “De Skoalleseize”

P R O G R A M F O A R DE I E P E N I N G

30 SEPTIMBER 2005

19.00 oere: Wy ûntfange graach de gasten yn de kantine.

De kofje stiet klear.

19.30 oere: Wurd fan wolkom troch Feike Jorritsma, foarsitter fan “De Skoalleseize”.

Gelegenheid foar taspraken.

20.15 oere: Tiid om it fjild te iepenjen troch de wethâlder fan gemeente Littenseradiel, de hear M. Jelsma.

20.30 oere: Wedstriid F pupillen fan vv SDS. (2 x 10 minuten)

21.00 oere: Hapke en slokje in de kantine.

22.00 oere: Slúting.