Wepperkes-sneon-

Wedstriidprogramma SDS C1
6 juli 2007
Wepperkes -snein-
7 juli 2007

Erik Haitsma solidair mei stakers
SDS-er Erik Haitsma wie sneon ien fan de keatsers dy’t sneon net fierder keatse woe yn Boalsert.
De foarsitter fan de keatsferiening wie net bllid mei de aksje fan de keatsers en paste de tekst fan it reklameboerd tapaslik oan.

Kantinekompetysje
Littens futsalde dit jier ek yn de sporthal yn Easterein. Se binne kreas twadde wurden yn de tredde klasse E. Neist de doelpuntenmakkers en de standen hâlde se dêr noch in list bij. De kantine list. Foar Titus Bergsma is der noch wol wat te dwaan want de eigen sporthal stiet net bij
de earste trije.

Gehakballenkompetysje


Ek bij SDS wien der oantal minksen dy’t in apart klassemint bijholden: Jacob Plantinga en Eddy de Boer. Sij keurden oeral de gehaktballen. Jacob is dit jier net fierder kommen as de gehakballen yn Skearnegoutum en Easterein. Wij binne benijd hoe’t de rapportsifers wiene.

Eindelik
It stiet hast al twa jier yn de agenda bij ús en yn de Treffer. Rinse Joustra is hjoed troude mei Martzen Tiemersma. Mei sa’n lange tarieding kinne je alles yn de puntsjes regelje. Der kin hast neat mis soene je sizze. Hast, want it waar dat kinne je net regelje. Ek wij winskje harren in lokkich houlik ta, mei in soad sinnige mominten.

Wieringermeer
Earder berjochten wij al dat net Heerenveense Boys mar Wieringermeer bij SDS 1 yn de kompetysje sit. Yn Hollân binne se ûnderwilens ek fan de skrik bekaam. Sij hawwe al ris efkes sjoen hoe fier se no alle 14 dagen ride moatte en sij konstatearden dat se ynienen in hiele protte besikers út Fryslân op harren webside hiene.

Ferwarming


Tongersdei is de lêste hân lein oan de flierferwarming yn it nije gebou. De semintdekflier yn de húskes en it pjutteboartersplak lizze der al yn. (foto”s Hans Kooistra)

It begjint der aardich op te lykjen!
Wa’t in skofke net yn Easterein west hat, sjocht him de eagen út. It nije gebou stiet er en hat in moaie útstrieling.

Links wurde
Yn it AD fan hjoed stiet in interfjoe mei van Persie. Dy hat in soan fan 9 moanne. Njoggen moanne dus.
Van Persie: “Hij wil overal tegen aan schoppen, leuk he?”
Syn frou: “Weet je wat Robin dan doet? Hij houdt her rechterbeen van zijn zoon vast en vlak boven zijn linkerbeen houdt hij een speeltje. Dan moet hij wel met links trappen en zo wordt hij vanzelf links”.

Nijs?
Hawwe jim noch wat te melden mail it dan nei ús