Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
18 augustus 2005
Wepperkes – snein
21 augustus 2005

SDS 1 noch net yn goede dwaan
SDS 1 hat yn de bekerwedstryd tsjin St Anneparochie sjen litten dat se der noch net hielendal klear foar binne. Tsjin de tredde klasser waard it 1-3. Tsjipke Klaas Okkema skoorde it ienige doelpunt út in strafskop. It folsleine ferslach.

Alle keatsers binne op tiid
It wie fansels de fraach at de keatsers op tiid fan de list ôfwiene om mei te dwaan oan de fuotbalwedstryd SDS – Sint Anne. It antwurd op dy fraach is ja. Marten, Robert, Feite en Durk Yde sneuvelden yn de earste omloop en Jacob Klaas liet him krekt foar de prizen der ôfkeatse.

De Treffer
Wy hiene hoop dat de Treffer freed klear wie, ûndanks it feit dat wy wat letter mei it opleverjen wiene. Wy sille noch efkes wachtsje moatte. No is dat net in ramp want alles wat je witte wolle stiet ek al earne op dizze side. Kompetysjeyndieling, alvetal yndielingen (ek fan de Jeugd) alles stiet der al op.
It ienige wat wij noch graach wolle binne alvetalfoto’s en fan de jeugdspilers ek in foto foar safier dy der noch net op stiet.

SDS 1 net kompleet
It is wol wis dat SDS 1 sneon net kompleet is. Harm (knibbel), GertJan (knibbel) Floris (skorst)  en Henk  (skorst), Ruurd (inkel) dogge yn alle gefallen net mei. Dochs sil der om 18.30 noch in prima alvetal yn it fjild stean.

Willem
Fansels hâlde wy Willem ek wat yn de gaten no’t hij mei in protte oare muzykleafhawwers op Lowland is. Freedtemiddei hat hij wierskynlik harke nei Rock ‘n’ Tiroll-polska-alpenpunk.

Hawwe jim noch nijs: mail it nei aanthofstra@planet.nl