Wepperkes – snein

Wepperkes -sneon-
19 augustus 2005
Wepperkes – moandei –
21 augustus 2005

Debút bij SDS 1
Arjan Posthumus hat juster syn offisjele debút makke bij SDS 1. Dizze earste jiers senior(!?) hie dizze wike ek al mei traind mei de A- seleksje.

Fuotbalje nei de toer
It ferhaal giet dat wannear SDS 1 nei de toer ta fuotballet, der altiten sukses is. Tsjin Sint Annaparochie gie dat net op. SDS waard der út kountere.

Feite mei syn ferkearing
It hat efkes duorre, mar no wie it safier: Feite kaam mei syn ferkearing op de proppen. In Sintannabuurster dus.

Jacob Klaas set it spul te plak
At de routiniers der net binne, moatte oaren it foartou nimme. De oars altiten beskieden Jacob Klaas naam dy rol muoiteleas oer

Nei Turkije
Der sil dizze wike net folle nijs op Sabetocht komme, want de hearen binne op fakansje. Mark (a-seleksje) Henk (a-seleksje) Sjoerd ( b-seleksje) Rudy (SDS 5) Gerlof Jan (SDS 5) Jelte (B-seleksje) en Kees (oprotwrottersseleksje) binne ôfset nei Turkije. Se bliuwe in wike fuort en hoopje tige brûn werom te kommen. At je bij Jumbo lege skappen fine dan witte je dat it komt troch dit utstapke want 4 fan dizze jonges binne wykeinfakkefullers.

Tiisdei
Kommende tiisdei moat SDS wer fuotbalje foar de beker. Frisia is dan de tsjinstanner yn Ljouwert.

Freed
Ek freed moatte de mannen fan SDS wer oan de bak. De bekerwedstryd dy’t pland stie foar sneon is ferpleatst nei freedtejûn.