Wepperkes -freed-

SDS A1 ûnderút tsjin LSC
18 augustus 2005
Wepperkes -sneon-
19 augustus 2005

Assistent-leider
Jan van Asselt is oannommen as assistent-lieder fan SDS 1. Mooglik kinne wy him moarntejûn foar it earst yn aksje sjen.

SintAnne
Kommende sneon is de earste beker wedstryd foar SDS 1. De Sint Annabuursters binne de tsjinstanners om 18.30 oere  Dizze sneinsklup komt út yn de tredde klasse. Helaas koene wy net op harren webside komme. Wy binne benijd mei hoefolle spilers men komt, want neffens de opjefte op
voetbalnoord hawwe se op dit momint 1 man yn de seleksje sitten.

Skorend fermogen
De trainingen fan SDS 1 binne alderaardichst om te sjen op dit stuit. Alle oefeningen wurde yn wedstryd foarm dien en ferliezers meie opdrukke. Bij de ôfslutende partij tongersdei waard er omraak skoord. “Winnende doelpunt”, rôp trainer Marcel  dy’t sels bij de partij dy’t efter stie it doel ferdigene om healwei 9 oere.
Fanôf dat momint waard er net mear skoord. Robert, Floris, Skelte, Stefan en Jacob Klaas misten foar read de moaiste kânsen.
Wy binne benijd wa’t úteinlik dat winnende doelpunt wol makke hat, want it wie hast tsjuster doe’t er noch altiten net skoord wie. Wy tinke in giele.

Harm op krukken
Mei 4 man moasten se him keare bij it trainingsfjild. Krekt út it sikenhûs nei in meniskusoperaasje nei in potsje laminaatlizzen, woe Harm Stremler mei krukken it fjild op om ek lekker mei te trainen. Harm hat er dúdlik al wer sin oan en dat is nea oars sa west.

Keatse
Foardat er sneon fuotballe wurdt, wurdt er earst ek keatst troch in part fan de seleksje. Yn Wommels keatse Dirk Yde Sjaarda, Feite de Haan, Robert Sijbesma, Marten Faber en Jacob Klaas Haitsma op de Alle de Jong partij. Mar hoopje dat se de gong der aardich ynhâlde yn Wommels of moatte wy hoopje dat se der foar de prizen ôf keatst wurde.

Leaver net op de foto
Net elkenien wol graach op de foto. Wy respekteare dat fansels. It jout ús gelyk de kâns om der dan mar in fraachje fan te meitsjen.
Wa binne dit?

Opsporing fersocht
Marco Hoekstra skriuwt yn syn ferslach fan SDS A-1 dat er fan de Kubaarders noch gjin spoor te finen wie. Wy hawwe ús goeie kontakten efkes brûkt en kinne mei grutte wissischheid sizze dat dizze mannen op Skylge binne, lokaasje Skotse 4

Willem
De kommende dagen kinne je Willem fan alles freegje at je him sjogge; grutte kâns dat er dan nee skoddet of hiel hurd ja knikt. Hy is nammentlik oan it headbangen bij Lowlands.
Dat betsjut dat de berjochten de kommende dagen efkes stjoerd wurde moatte nei
aanthofstra@planet.nl

Fan B nei A
Troch wat blessures binne der 4 man fan de B- seleksje oergien nei de A-seleksje: Stefan van Krimpen, Anne Stenekes, Jan Simon Jelsma en Arjan Posthumus.