Wepperkes -sneon-

SDS-supporters
7 januari 2005
Hurddrave mei hurde wyn
8 januari 2005

Wa gean der mear nei Frentsjer?
Alle foarrondes foar de finales fan de Midwintercup binne spile. Net alle finalisten binne by ús bekend. Dit rijtsje hawwe oan ’t no ta; Sint Anna 2, Ouwe Syl, Foarút, Futsal Club Leeuwarden, Frisia, ONT, Drs. Vijfje, Holwerd 2, Leeuwarden, Read Swart, Friesland 1, Blauw-Wit ’34 2, FVC 1, Avanti 1, SC Franeker 2, De Herauten, Workum 1, Oosterlittens 1, WPB 1, ONS 1, FFS 1, Workum 2, DIO Oosterwolde 1, Haskerland 1, SDS 1 en RES 2. Wa wit welke ploegen der noch mear troch binne? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Sealfuotbal
At jim regelmjittich yn de aginda sjogge dan is dit gjin nijs. Want yn dy agenda stiet dat der sneontejûn om in oere as 19.30 in toernooi is foar A en B junioren. yn de sporthal. Dêr kin je dus moai efkes hinne nei de kenniskwis.

Huskeamerfraach
We komme dochs noch efkes werom op it liften.

Dizze foto is makke by it fuotbalstadion yn Gotenborg. Wy melden dizze wike dat it yn byld is fan de fryske Abe Lenstra. Mar wa wie it echt? Mail it ús:
info@vv-sds.nl

Liftdossier
Wa’t alles noch ris rêstich trochsjen wol kin by SDS supportergroepen it komplet dossier fine, mei de groepsfoto en it ferrassende optreden fan Ate Vellinga. Ek it dossier fan 2004 is dêr te finen.

Pupillen
Sneontemoarn 8 jannewaris binne ek de pupillen yn de hal oan it baljen. Tusken 9 en 12 oere

Wol in trimloop?
Sneon is der in  oanpaste  trimloop foar wa ’t  wol  en kin. Alle spilers fan  2e  3e  4e  en 5e alvetal binne wolkom. De start is om 13.00 oere by de kantine fan ’e  Skoalleseize. Der kinne ferskillende rûntsjes draaft wurde(Pôle-Skrok-Ald-dyk en sa).

Nei ôfrin is der nei in waarme douche snert en sûkelade molke foar eltsenien.Wa ’t dan nei de nijjierssit wol, is fuort te plak. Om it trochgean te litten moat der minimaal 20 dielnimmers weze.
Opjaan moast foar tongersdei 6jan by Klaas Okkema till  332221.

Wy hawwe fierders neat heard, dus it giet wol troch?

Oefenje
De finalisten fan de Kenniskwis dy ’t hjoed noch efkes oefenje wolle, kinne hjir te plak:
Voetbal International
Voetbalkenners
Bij de VI moatte je earst wol ynlogge.