Wepperkes -snein-

Midwintertoernooi
14 januari 2006
Wepperkes -moandei-
16 januari 2006

The battle of the sexes
Dit is in ôfdroechwepperke. Want de hearen fan SDS 1 binne fan ‘e jûn ôfdroege (figuerlik) troch de froulju fan Covos. Oer de setstanden wolle wij it mar net hawwe.

Wat de tsjin prestaasje wurdt dat heare jim letter. Ek foto’s fan dit barren kinne jim letter sjen.

Tsjinprestaasje
Wy hawwe úteinlik 5 ideeën binnenkrigen foar de tsjinprestaasje dy ’t de hearen of miskien dochs de dames dwaan moatte mochten sy ferlieze. Fanmiddei wurde der 2 enveloppen by de wedstrydlieding brocht mei 1 envelop foar de hearen en 1 foar de froulju. Nei de wedstryd wurdt 1 fan de 2 enveloppen iepene mei de úteinlike tsjinprestaasje. 

Sparre
De geruchten geane no dat de hearen harren justermiddei yn Frjentsjer ynholden hawwe op it midwintertoernooi. Sij woenen net winne mei it risiko dat se bekôf rekken en nei in grut feest dêrnei, hjoed út de liken wêze soene.  It is dus dúdlik dat se fit oan de start komme.

Boesdoekjes
No’t de froulju de hearen thee oanbiede sille as treast en oppepper , ferwachtsje wij dat de hearen foar de froulju boesdoekjes klear lizzen hawwe foar de wetterlanders nei ôfrin.

SDS 2 oefent net
De oefenwedstryd fan SDS 2 tsjin ONS 2 is juster net trochgien. Hie mei it fjild en it winterke te meitsjen.

Stoffel

Juster wie it fryskdamjen-klupkampioenskippen yn Easterein. At jim witte wolle hoe’t Stoffel Bouma der útsjocht at hij hiel djip neitinkt sjoch dan op de side fan Jaring Rispens. Foto 12 jout it krekt byld.

Moaie foto
Henk Bootsma stjoerde ús wer in moaie natoerfoto. Henk seit er bij dat it bij fûgels al krekt sa is as yn in minske libben. Der sit ferskil yn wêr’t minsken stean op de maatskippelike ljedder. Bij fûgels is dat al net oars.