Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
14 januari 2006
Wepperkes -tiisdei-
16 januari 2006

The Battle
De manlju fan SDS hienen juster net folle yn te bringen tsjin it opslach-geweld fan de froulju fan COVOS. Yn de earste set like it oan ’t 10-10 noch aardich lyk op te gean en in spannende partij te wurden. Jammer genôch wienen de heren hjirnei útpoept. It waard 25-14. De twadde set waard 25-13. Yn de 3e set soe it noch efkes wurde. Dit wie allinne wat te let. It waard 25-21 foar de froulju.

Tsjinprestaasje
De froulju fan COVOS wienen mar wat bliid dat sy wûnen. Net allinne om de eer, mar foaral om ’t sy deabenaud wienen foar de tsjinprestaasje. Dizze wie no foar de manlju. De manlju fan SDS 1 sille op 8 april by de lêste thúswedstryd fan COVOS 1 optrede as cheerleaders. Set it dus mar fêst yn de aginda. De wedstryd begjint om 19.00 oere.

Soenen de manlju fan SDS 1 yn dizze pakjes passe??

Hoefolle?
Neffens de telling fan Titus wienen der juster sa ’n 400(!) minsken te sjen by The Battle.

Foto’s
Letter hjoed binne de foto’s fan The Battle te besjen op de webside fan Jaring Rispens(klik hjir).


Midwintercup 2006
SDS ferlear sneon jammerlik fan Avanti. Letter sille jim hjir noch in útgebreid ferslach fan lêze kinne yn de Treffer. Dit wie úteinlik de einstân fan de Midwintercup 2006:
1 Heerenveen 1
2 Avanti 1
3/4 Franeker 1/Drs. Vijfje 1 
Op de webside fan Drs. Vijfje kinne jim alle útslagen fine(klik hjir).

SDS 1 oefent
SDS 1 hat fan ‘e wike 2 oefenwedstriden. Tiisdeitejûn spylje sy út tsjin Easterlittens 1 en tongersdei fuotbalje sy tsjin Trynwâldster Boys 1.

Join the winning …..
SDS 3 giet moarn wer fierder mei harren “join the winning team”-campagne. De earste training yn it nije jier begiet moarn om 20.15.

Letter mear!