Wepperkes -snein-

De wedstriden fan 19/11.
19 november 2005
Wepperkes -moandei-
20 november 2005

Kees begjint wer
Fan de ledenadministraasje krigen wij hjoed troch dat Kees Adema wer begjint te fuotbaljen. Helaas net bij SDS mar yn syn stúdzjestêd Grins, bij Knickerbockers.

Dirk begjint ek wer
Dirk de Jong is alwer drok oan ’t trainen. It leit sels yn de mooglikheden dat hy foar de winterstop alwer ris in wedstrydsje meidwaan kin. Fan ‘e wike trainde hy yn Grins mei by vv de Vogels. As tsjinprestaasje moast Dirk dit hiele wykein wol mei syn noas yn de bibel.

Grutte klupaksje
De fuotballers fan SDS 4 hiene by de grutte klupaksje harren lotten allegear yn de pot dien, om sa de kâns om in grutte priis te winnen te fergrutsjen. “in wykein sporthús sintrum” moast  der dan wol ynsitte.
Dizze wike wie it lûken fan de prizen en it die bliken dat SDS 4 yn de prizen fallen wie.
Lieder Ids Boersma moast helaas meidiele dat it bedrach fan de priis te min wie om der in wykein op út. Dochs woe hij fuort ôfrekkenje. Alle spilers krigen in netsje mei sûkelademunten, sadat de 5 euro wol hiel goed bestege wie.

Lieder Ids dielt de netsjes út.

Clarence Posthumus
Foar Gearard Posthumus is dit wol in wike mei hichtepunten en djiptepunten. Tongersdei noch winner fan de kwis en sneon in strafskop misse. En dat wurdt bij SDS gelyk ôfstraft mei opname yn it Clarence sluier klassemint. Sa te sjen fynt syn freondinne it wol grappich. Sjoch foar it folsleine klassemint bij senioren.

Goed nijs
It berjocht op dizze side dat de Wommelser en Eastereinder feesten tagelyk holden wurde, hawwe nochal wat foar opskuor soarge. Gelokkich berêste it berjocht wol op in misferstân. De Wommelser feesten binne in wike earder.

Tillefoansirkel

Jan Los lieder fan C1 kaam der freedtejûn efter dat net alle spilers witte hoe’t in tillefoarnsirkel wurket. De wedstriid tsjin Harns wie ôflast en de tillefoansirkel moast it wurk dwaan om der foar te soargen dat net ien foar neat klear stie op sneontemoarn. Jan kaam der let op de jûn efter dat it hielendal net wurke. Derom syn rie oan de oare lieders: at jim mei in tillefoansirkel wurkje lis it dan noch wol in kear goed út want C1 spilers binne der suver noch te jong foar.

In eigen webside
Wy heare hieltiten mear dat spilers fan SDS in eigen webside hawwe. Sa hat Gerlof Veldstra(SDS 2) in eigen webside mar ek Bram Strubbe fan SDS A2. Wat de adressen hjirfan binne is ús net bekend. Miskien kin ien dat ús
maile. Wol bekend is it ynternetadres fan de webside fan Ruurd Boorsma(SDS 1). Klik hjir om mear oer Ruurd witten te kommen.

Jimbar
Sneintemiddei om 16.00  is der yn Jimbar yn Wommels in konsert fan
Why Not. Omdat de buorlju der gjin lêst fan ha moatte is it konsert “healneaken” .

In ferslachje fan F3
Wy spylen hjoed us leste wedstriid tsjin RES F3 foar de winterstop. We moasten winne as lyk spylje om twadde te bliuwen Krekt foar it skoft wist Inne in prachtiche goal te meitsjen. Healwei de twadde helte makke Koen ek noch in treffer yn é koarte hoeke
Dus we hawwe woun mei 2-0.

Marten

Tip
De winter komt er wer oan en mei al dat iis yn de fearten yn dizze strange winter is it net maklik in fiskje te fangen. Spesjaal foar de fiskleafhawwers (famylje Postma yn Wommels) hawwe wij in tip. Want Eskimo’s dogge it sa. 

Wa’t noch nijs hat, kin ús maile.