De wedstriden fan 19/11.

Utslaggen 19-11
19 november 2005
Wepperkes -snein-
19 november 2005

CVVB 1 – SDS 1   1-1
Lokkich mei in puntsje of hienen it der 3 wêze moatten? It is ús noch net bekend. Wat wy wol begrepen hawwe is dat Hendrik de Jong de goal makke hat foar SDS 1. 

ACV 3 – SDS 2   5-1
Allinne flak nei it skoft like it der op dat SDS punten oerhâlde soe oan dizze wedstriid. Nei in 2-0 efterstân by de rêst waard it 2-1(Willem Wijnia) en krige SDS 2 kâns op mear. Doe ’t de earste de beste kâns fan ACV yn de twadde helte der yn gie wie it gebeurd en waard it jammer genôch ek noch in dikke útslach. Mei namme jammer foar Jan Simon Jelsma dy ’t beresterk keepte as wie der noait út de goal wei west.

SDS 3 – Joure 3    3-2
In prima oerwinning fan SDS 3. Doelpunten wiene der fan Hjalmar Ruiter (2) en Wichard Deinum . Joure skoorde 2 kear.
Gearard Posthumus miste in strafskop, dus…….

SDS 4 – Hielpen 2 2-2
In gelyk  opgeande striid mei kansen oan beide siden. Hielpen kaam foar, Roel Sijbesma makke gelyk en Folkert Rients Vellinga makke 2-1.  Nei de thee skoarde Hielpen noch 1 kear.

SDS 5 – Arum 3    2-5
Twa doelpunten fan Bas de Haan wiene te min om de oerwinning binnen te heljen.

SDS A 1 – Balk A 1   0-2
Oan de sege reeks fan A1 is in ein kommen. Nei in slemilige 0-1 rûn SDS efter de feiten oan. Krekt foar tiid waard it noch 0-2.

Hawwe jim mear nijs oer dizze wedstriden of oer oare wedstriden mail it ús.