Wepperkes -snein –

De wedstriden fan 12-11
12 november 2005
Wepperkes -moandei-
14 november 2005

Supportergroep
Yn de foarsimmer fan 2005 ûntstie der spontaan in sponsergroep bij SDS. Yn de neisimmer is der spontaan in supportergroep oprjochten. It echt doel moat noch útwurke wurde mar de bedoeling is wol dat it aksint leit op it organsiearen fan acktiviteiten. De groep bestiet foarloapich út de folgende leden: Eke Sijbesma, Annie Sjaarda, Oebele Anema, Geert of Gatske en mooglik Klaas Okkema.

Moarn ledengearkomst
Noch mar efkes de oankundiging dat moandeitejûn de jiergearkomst is fan SDS. Om 8 oere yn de kantine. De wurklist sjocht er
sa út.

C1 wint krekt
Harm Jan Kamstra, de doelman fan C1 soarge der foar dat SDS winne koe fan Skearnegoutum. Wa’t it winnende doelpunt skoorde kinne jim
hjir lêze.

SDS 3 pakt punt
Neidat SDS 3 foarige wike flink ûnderút gie wisten sy juster de tried wer aardich op te pakken. Der waard in puntsje pakt tsjin koprinner Ryptsjerk. In moai puntsje of hie der mear yn sitten? Klik hjir foar it ferslach fan Wichard.

Wite sjurts
SDS A2 spile sneon tsjin BurgumBCV kombinaasje. Dy hawwe in wyt sjurt dus moast SDS yn it giel.
“Hoe stiet it”, freget Geert wylst hij al efkes oan de kant stiet te sjen. “0-4 foar de Burgummers”wie it antwurd.
Efkes letter skore de jonges yn de wite sjurts wer.
“1-4 “sa lit Geert ús witte. It wol him mar net oan dat SDS yn in oare kleur sjurts spilet.

Al wer in pakketsje
Wij krigen al wer in âld-papier pakket binnen foar Cambuur. Tige tank út namme fan de âld papierkommisje yn Ljouwert.

Fraach
Wy freegje ús ôf wat Ype Tiemersma juster ûndertekene yn de kantine fan Lions.
Jim kinne kieze út:
1. In lukratyf kontakt foar de rest fan dit seizoen
2. Hij helpt bij de ferkeap fan lotten
3. Hij set in hantekening foar it behâld fan Cambuur
4. In kontrakt mei Welkoop foar de levering fan kninefoer
Antwurden kinne jim oanjaan
bij ús.

Britt is jierdei!
Hjoed wurdt Britt Scheltema 15 jier. Fan herte lokwinske! Klik hjir om har ek lok te winskjen.