De wedstriden fan 12-11

Wepperkes -sneon-
12 november 2005
Wepperkes -snein –
13 november 2005

SDS 1 – Holwierde 1
Holwierde wie de bettere ploech. De rêststân wie 0-1. Nei de 0-2 kaam SDS wol werom nei 1-2 mar de 2-2 kaam net op it boerd, mei omdat krekt foar tiid grutte kansen mist waarden. It wie Hendrik de Jong dy ’t knap skoorde foar SDS 1.

SDS 2 – Genemuiden 3
In grut part fan de spilers fan Genemuiden 3 woene graach nei de yntocht fan Sinterklaas yn Snits en sy hiene dêrtroch te min. Wêr ’t oare ploegen spilers liene út legere alvetallen, hawwe se yn Genemuiden harren eigen rigels: ôfsizze.. Belachlik!

Ryptsjerk 2 – SDS 3   1-1
2 punten te min neffens de spilers fan SDS 3. Allinne Jentsje Jorritsma makke in wrâld doelpunt mar dy telde mar foar 1.

Lions 2 – SDS 4   1-5
In tige sportive wedstryd dy’t frij ienfâldich troch SDS wûn waard. Ype Tiemersma wie skerp: hij skoorde 4 kear. Roel Sijbesma makke it 5de doelpunt.

Zeerobben 4 – SDS 5    7-0
Bysûmderheden binne ús net bekind, mar it liket ús sa ta dat SDS 5 minder wie dan de Harnsers en dat it ferlies terjochte wie.

Heerenveense Boys A2 – SDS A 1 1-6
De ploech yn foarm liet ek no sjen dat se mei dwaan wolle om de boppeste plakjes. 3 doelpuntenmakkers dy’t alle trije 2 kear skoorden: Jelmer, Feiko en Johannes

SDS A2- Burgum BCV kombinaasje 1-5
Pytrik Hiemstra skoorde it ienige doelpunt.