Wepperkes -snein-

Senioren helje net folle punten
8 oktober 2005
Wepperkes -moandei-
10 oktober 2005

Drige
Marco Hoekstra en Klaas de Haan, de trainer en lieders fan A1 seagen mei langstme út nei de earste oerwinning.
De ôfrûne wike hiene se gekjeiend alris sein dat wannear de mannen sneon net winne soene, se mar ris in wykein nei  “
Het kleine paradijs, het centrum voor helen en spelen” moasten. Foar de twa Feytens hie dat fansels neat útmakke, want dy wenje dêr.
De driging fan de lieders hie sukses: A1 wûn fan de koprinner Zeerobben.
Klaas de Han wie dan ek dúdlik nei ôfrin: Lit dit in tip wêze foar de trainer fan SDS 1.

6 doelpunten
E4 wûn sneon fan Mulier E2. 7-2 wie de einstân. Maikel Venema skoorde mar leafst 6 kear. It oare doelpunt wie fan Stefan Wijbenga.
hspace=0 Maikel Venema

Net skamje
SDS 1 hoecht him noch net te skamjen foar de 0 punten dy ’t sy oan ’t no ta hawwe. De 6 ploegen wêr ’t sy fan ferlearen steane allegear by de earste 7. De striid mei de “echte” konkurrinsje moat dus noch oangean.

F3 wint wer
Grutte komplimenten jouwe wij oan de jonges fan F3 dy’t sneontemoarn fuotbalje en sneontejûn in stikje ynleverje.
Dit is fan Gerwin Sijbesma:
Wedstrijdverslag SDS F3 – IJ.V.C. F3
Het was een spannend begin. Koen maakte de eerste goal. Daarna maakten Piter, Koen en Krist nog een goal.
Daarna was het rust. In de tweede helft heeft Piter nog twee keer gescoord. We hebben met 6-0 gewonnen!
Vet cool.
 
Gerwin Sijbesma

Mr.ALAN FERGUSON
Ja,ja minsken jimme sille wol tinke wa is dit no? No Alan Ferguson is dit jier ” grounsman of the year “wurden yn Ingelân.
Alan is grounsman by de Ingelske klub “Ipswich town football club” en just ja, wa is groundman op de “Skoalleseize”? “Us Andries”
It is dan ek sa logisch dat Andries yn de lear giet by Alan.
No dat is hjoed(freed) bard: yn Hjearrefean op de fjilden by V.V. Hearrenfean. Andries is der in soart oan de weet kaam en sil dit fanôf no brûke op de fjilden yn Easterein.
Abe-Jan Stegenga
 


Andries stiet der op de snút by.

Doelpunten
Mei de senioren giet it mar hiel matich dit jier. Juster koene wij 8 doelpunten noteare, wêr’t SDS 4 de helte foar har rekken naam. (Ype en Folkert Rients beide 2)
De komplete list stiet bij senioren, wêrbij wij oantekenje dat de doelpuntenmakker fan SDS 2 der noch net bij stiet. Want wa skoorde der yn Noordscheschut?

Pytrik Clarence Hiemstra
Sa’t wij juster al melde koene hat it Clarence Sluierklassemnint in nije “lieder”: Pytrik Clarence Hiemstra. Hij wie de earste dy’t dit seizoen de strafskop miste.
Bij de rubryk senioren kinne jim sjen hoe’t hij him skamme.

Utgeanstip
Neist SDS is der noch in fuotbalklup yn Littenseradiel: Easterlittens. Sy spylje fan’e middei thús tsjin koprinner Aengwirden. Om 2 oere setten se útein en om 4 oere wiene de 3 punten binnen. Mei twa âld SDS-ers yn de basis: Egbert Bootsma en Jacob Tiemersma

Fryske derby

It affysje is klear


Noch nijs?
Mail it ús

Letter mear!