Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
8 oktober 2005
Wa makket foar SDS 1 de 1e goal yn de 1e-Klasse?
10 oktober 2005

Fryske dei
Sneon hawwe wy de Fryske Dei mei as útsmiter de ienige Fryske derby yn de 1e-Klasse dy tusken SDS 1 en BCV 1. Der is al hiel wat op tou setten mar der kin fansels noch mear by. Wa hat nocht om te helpen of hat noch mear ideeën?
Mail it ús!

De knoffelhoeke fan SDS 3

it wie sneon dringen op de bank bij SDS 3, want ek de knoffelkonten wiene oanwêzich. Herkenne jim se?
Mail it ús!

Spiler fan it jier
Wa wurdt der by SDS 1 spiler fan it jier. Trainer Marcel Frankena hat in puntesysteem betocht wêr ’t de spilers by ferskeidene ûnderdielen punten behelje kinne. Dirk-Yde Sjaarda hat oan ’t no ta de measte punten. Klik
hjir foar it hiele klassemint.

SDS 3 pakt op ’t lêst dochs noch in punt
SDS 3 spile sneon yn de lêste minút noch lyk tsjin Meppel 4. Hoe dit presys yn syn wurk gie kinne jim lêze yn ’t ferslach fan Wichard Deinum. Klik
hjir. Opfallend wie yn elts gefal dat Gerrit Hingst, nei ûngefear in jier yn de lappemand sitten te hawwen, eindliks wer ris fuotbalje koe.

A1 hat wol in bierke fertsjinne
Uteinliks wie it sa fier: de mannen fan SDS A1 hiene echt in bierke fertsjinne nei de oerwinning op Zeerobben

En harren lieder Marco in gehakbol

Pieter Kamstra skoort alwer
Fansels wie it Pieter Kamstra dy ’t sneon skoorde by SDS 2. Hy makke dêrmei alwer syn 3e fan it seizoen.

SDS 1 negatyf?
Yn ’t ferslach fan de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin Noordscheschut op Topamateurvoetbal.nl wurdt SDS ôfskildere as in wat negatyfe ploech. Lês it
hjir.

Midwintercup 2006
Foar wa it alfêst witte wol y.f.m. it plannen fan de wintersportfakansje; de finales fan de Midwintercup 2006 wurde kommend jier hâlden op sneon 14 jannewaris.

Wintertoernoaien
No ’t jim de agenda’s der dochs by hawwe, kinne jim mei ienen de datas der ynsette fan de altiten gesellige sealtoernoaien by Titus op snein. Dit binne se:
13 november 2005 van 11 uur tot 16 uur.
11 december 2005 van 11 uur tot 16 uur.
22 januari 2005 van 11 uur tot 16 uur.
26 februari 2005 van 12 uur tot 17 uur.
Het horeca toernooi is op 8 januari 2005 van 11 uur tot 17 uur.



Letter mear!