Senioren helje net folle punten

Wepperkes -sneon-
8 oktober 2005
Wepperkes -snein-
8 oktober 2005

It liket hast in fêste kop te wurden yn ús seniorenoersjoch.

Noordscheschut 1-SDS 1 3-0 
It gemiddeld oantal punten wie 0, it gemiddeld oantal doelpunten foar wie 0 en it gemiddelde oantal punten tsjin wie 3. Oan de útslach te sjen wie dit dan ek in reguliere wedstryd: 3-0

Noordscheschut 2-SDS 2 2-1 
SDS 2 ferlear alwer in wedstriid dy ’t it net hoefde te ferliezen. SDS kaam mei 1-0 foar en like dit fêst te hâlden. Jammer genôch joegen sy ’t yn ien minút fuort troch 2 goals fuort te jaan.

SDS 3 – Meppel 4 2-2
SDS kaam mei 0-2 efter. Op karakter waard er in gelykspul úthelle. Wichard Deinum en yn de lêste minút Remco Bervoets skoorden.

SDS 4 – Arum 2 4-4
Persoanlike flaters soargen der foar dat SDS mei 1-4 efterkaam. Op kondysje waard de jongerein fan Arum ferslein. Ype Tiemersma en Folkert Rients Vellinga skoorden beide twa kear sadat SDS dochs noch lykspile mei 4-4.

SDS 5 – Mulier 3 1-7
SDS 4 wie dúdlik minder as de Wytmarsumers. Allinne lieder Gerlof Jan Hofstra skoorde.