Wepperkes -snein-

3 oerwinningen by senioren.
17 september 2005
SDS League: Op sich de beste ploeg boppe-oan!
18 september 2005

Heit en soan dei
It like sneon wol in heit en soan dei by SDS. Moarns stiene heit Roel en soan Peter efter de bar yn de kantine.
Yn Boalsert spilen heit Jelle en soan Ids (A2) by SDS 5 tsjin RES 1.
Yn Ljouwert wie it hielendaal feest: Soan Pytrik (A1) spile mei heit Sipke en Tjeerd Dijkstra spile mei beide soannen Bauke (A1) en Jelte Pieter (B1) mei SDS 5 tsjin Nicator 1.

Join the winning team(1)?
Ek dizze wike liket it derop dat SDS 3 in nije spiler oantrokken hat. Yn de kantine gûnze it juster fan de geruchten. Dit kear giet it om Lolke Hofstra. Hy hat syn knibbelbrace wer oppoetst en giet foar de wissicheid ien kear yn ‘e wike nei fysio Anne-Harm Nauta. Hy sil pas sneon oer in wike syn debút meitsje kinne om ’t SDS 3 kommende sneon frij is.

Join the winning team(2)?
Gerrit Flissijn wurdt ek hieltiten mear yn ferbân brocht mei SDS 3. De keatsmaat fan Jacob-Klaas Haitsma waard juster yn de kantine sinjaleare yn gesprek mei skouts fan SDS 3.

Join the winning team(3)?
SDS 3 is noch net hielendal útwinkele. Ates-Feikes de Boer wurdt ek noch altiten neamd as nije oanwinst. Ates hat krekt in nei hûs kocht yn Wommels en is hjir drok yn oan ‘e gong. Hy hat hjirtroch noch net traine kinnen en hat dan ek noch net foar Nijlân 1 fuotballe. De doar nei SDS bliuwt hjirmei noch altiten op in kier stean. SDS 3 hat al witte litten serieuze belangstelling foar him te hawwen. SDS 3 hat alfêst oan inkelde betingsten foldien. Sa is der al in âld-Nijlander oanlutsen by SDS 3(Theo Postma) en wurdt Ates geregeld holpen yn syn nije hûs troch in spiler fan SDS 3. It sil ús benije.

Gearard Posthumus topskoorder
Krekt as ferline jier liket Gearard Posthumus ek dit jier wer hege eagen te smiten  nei de titel fan topskoorder. Bij senioren kinne jim sjen at er wol konkurrinsje hat.

De broer fan..
Ek dizze hjerst spylje wij wer in fuotbalkenniskwis. Om in earste seleksje te dwaan wolle wij kandidaten útnoegje in antwurd te jaan op de folgende fragen.
Shota Arveladze hat in broer dy’t ek fuotballe yn Nederlân. Wat wie syn foarnamme en wêr spilet hij no?
Antwurden kinne maild wurde nei de
kwismasters

C1
SDS C1 wûn sneon mei 7-1 fan Berltsum. Doelpunten wiene der fan Andries (2), Jacob (2) en Christiaan (3). It folsleine ferslach kinne jim
hjir lêze.

Alvetalfoto’s
Sneon binne der wer in oantal alvetalfoto’s makke. B1, F2, C1 en C2 wiene dizze kear de sigaar. Bij junioren kinne jim it resultaat sjen.
Ek de foto’s fan alle spilers fan C 2 binne no klear.

Nei Mac Donald
De âldtsjes witte krekt hoe’t se de jongeren stimuleare moatte. Ype Tiemersma en Trienus de Jong (fan SDS 4) hiene de jonge mannen fan B1 en A2 tasein dat se mei in goed resultaat trakteard waarden. En wêr kinne je sokke jonges in gruttere guenst mei dwaan as in ritsje nei Mc Donald. Mei in Big mac yn de mage en de mayonaise noch om it kin kamen Jelte Pieter en Eeltsje Postma tefreden yn Easterein oan. Sy wolle wol wer ris mei.

Prachtige jaskes

SDS 1 hat krease nije jaskes krigen. Ien fan de spilers wie ré om efkes it boarst foarút te stekken om ús sjen te litten hoe moai it logo der op stiet.

Dy selde spiler woe ús de rêch ek wol efkes takeare om sjen te litten wa’t de sponser is.
Wa’t dizze spiler is? mail it nei de
redaksje 

Bunnikside
At se der wêze moatte binne se der net. De Bunnikside. Yn de earste helte lieten se harren plakje ynpikke troch de OranjeNassau supporters.


Rektifikaasje
Freed dien wy melding dat Stoffel net fuotbalje koe om ’t hy de bus bestjoere moast. Dit kloppe net. Stoffel wit ús te melden dat hy net fuotbalje koe om ’t juster de twalingsuster(Klaske) fan syn frou(Tine) jierdei wie……………


Hawwe jim noch nijs? Mail it ús
info@vv-sds.nl