3 oerwinningen by senioren.

Utslaggen 17 septimber
17 september 2005
Wepperkes -snein-
17 september 2005

SDS 1
Wêr ’t it yn de foarige wedstriden yn de earste minuten mis gie, gie it no yn de lêste minuten dochs noch mis.  SDS hat fochten om de oanfalsdriften fan OranjeNassau yn te damjen en dat slagge lange tiid. 10 minuten foar de ein 0-1 en noch gjin minuten letter 0-2. Spitich.

SDS 2
Tsjin LTC út Assen waard in prima oerwinning helle. Bij it skoft stie it 1-1 troch in doelpunt fan Willem Wijnia op opjaan fan Remco van Dijk. Nei de thee barde it selde noch in kear. Pieter Kamstra kopte it tredde doelpunt binnen nei in frije traap fan Stefan van Krimpen. It waard noch 3-2 en spannend mar de punten bleaunen yn Easterein.

SDS 3
De klup yn de klup helle in 1-5 oerwinning yn Frjentsjer tsjin it twadde dêr. Doelpunten wiene der fan Auke Hiemstra, Sybren Nauta, Anco Elgersma en Gearard Posthumus (2)

SDS 4
De ideale miks tusken hiel jong en hiel âld helle in prima 1-2 oerwinning tsjin Nicator. (Nicator wie in ûnoerwinnelike fjildhear yn it leger fan Aleksander de Grutte). Earste doelpunt: soan Bauke spilet nei heit Tjeerd, dy jout troch oan buertgenoat Sipke, dy’t soan Pytrik skoare lit.
It winnende doelpunt wie fan Eeltsje Postma dy’t it sûnder syn heit dwaan moast.

SDS 5
Tsjin RES 1 waard it 5-3. “Sy de iene helte better, wij de oare,” joech lieder Gerlof Jan oan. Jammer genôch wie de earste helte foar de Eastereiners (2-3 foar by de rêst) en de twadde helte foar de Boalserters. Doelpuntenmakkers wiene Willem Feenstra, Jelmer van der Valk en Tiemen Vermeulen.

Snein mear nijs!