Evenementen in december 2022

It doelpunt fan SDS tsjin QVC
8 mei 2005
Wepperkes -moandei-
9 mei 2005

Drok oan ’t oefenjen
Dirk-Yde is yn Skotlân drok oan ’t oefenjen. Hy is de hiele dei warber mei in bal. Sjoch hjir de foto’s(klik
hjir).

Blyn en kreupel?
Nei de wedstriid fan ôfrûne tongersdei tsjin Noordscheschut(3 reade kaarten) binne de spilers fan SDS 2 hiel wat went wat skiedsrjochters oangiet. Sneon like it op foarhân net better te wurden. Foar de wedstriid sei de skeids tsjin syn frou; “dy nije pillen binne ek net alles. Ik kin de iene poat hast net foar de oare krije”. Dit like dus net best, mar hy krige it foardiel fan de twifel. Miskien hie hy wol hiele goaie eagen. Dizze hoop waard ek al gau opjûn doe ’t de skeids it fjild oprûn. It reinde as it eaze en hy sei(sûnder bril op!); “sûnder bril sjoch ik neat, mar as ik mei dit waar in bril op doch dan sjoch ik hielendal neat”(???!!!!).
It foel lokkich genôch allegear wat mei, want de skeids fluite in knappe pot.

Jan Peter yn Rosmalen
Jan Peter Bootsma is freed op in lannelike keepersdei west yn Rosmalen. Jan Peter waard 3e yn syn poule en giet dêrtroch net fierder nei in folgende ronde. In goedmakker foar Jan Peter is dat hy folgend jier ien kear yn ‘e wike by SC Heerenveen traine mei.
Letter dizze wike komme de foto’s fan de keepersdei hjir op de webside. 

Grutte útslach
SDS C1 wûn sneon mei 14-2 fan Zeerobben C1. By SDS C1 wie Andries Brinksma út Wiuwert de grutte man. Leider Klaas Pompstra meldt dat hy 7 doelpunten makke en miskien wol like folle assists hie. Dizze wike sil der noch in ferslach komme fan Wytse Lanting.

Allicht
Sneon waard bekend makke dat lampesaak Allicht út Snits de nije sponsor is foar de trainingspakken fan SDS 2 foar folgend jier.


Bal foar de kop
As taskôger lâns de line by it fuotbaljen hawwe je kans dat je per ûngelok in bal tsjin je oan krije. Ek yn in sporthal kin je dat oerkomme. Dat sa ’n bal hurd oankomme kin kin je hjir sjen(klik
hjir).
P.s. Let goed op lytse Tom dy ’t ûnder yn byld langsdraaft.

Doelpunten

Mei noch ien of twa wedstriden te gean liket Gearard Posthumus topskoorder fan SDS te wurden. Sels kaam hy dit wykein net ta skoaren mar syn neiste belagers ek net, op Bas de Haan nei. Hy is no twadde.

Nijkommers yn de list binne Auke Hiemstra en Ferry Duipmans. Hy fuotballet tsjintwurdich wer by SDS 4.

Sjoch foar de komplete list by de rubryk senioren.

 

1ste klas kenner fan de twadde klasse K

Under de 36 dielnimmers dy’t stride om de titel “1ste klas kenner fan de twadde klasse K” binne der nei sneon 7 maaie al 16 ôffallen.
Dat komt troch it feit dat dizze dielnimmers it Fean fuotbalje seagen yn de degradaasje neikompetysje of omdat ze QVC kampioenskansen ta dichten.
It bliuwt lykwols foar de oerbleaune 20 in spannende saak. Want de tredde periode kin noch nei in hiele protte ploegen ta .

Sjoch foar de list hjir

 

3de periode
De 3de periode is tige spannend.  QVC hat de beste kansen mei 12 punten mar der binne 4 ploegen dy’t mei 10 punten op it finketou sitte. Sjoch foar alle standen op
www.voetbalnoord.nl

 

Gjin skiedsrjochter

(ynstjoerd troch Jan Los)

Zaterdagmorgen 7 mei 2005 speelde F2 een thuiswedstrijd, dan moet SDS zorgen voor een scheidsrechter. De vaste scheids is Feite de Haan maar deze had het te druk met een tent op zetten. Allemaal leuk en aardig, maar laat hij dan wel voor een vervanger zorgen. Dit is niet eenmaal dat F2 zonder scheids stond , het is nog een paar maal voorgekomen. Heren bestuur en de man die de scheidsrechters regelt let hier eens op en laat de leider er niet voor op draaien. De jeugd heeft toch de toekomst.