It doelpunt fan SDS tsjin QVC

SDS1- QVC1
7 mei 2005
Wepperkes -snein-
8 mei 2005

Der waarden sneon wer hiel wat foto’s makke tidens de wedstryd SDS – QVC. De iene is mear rjochte op de sfear en de oare besiket in goeie momint te flitsen. Henk Bootsma, in amateur fotograaf út Wommels slagge der yn de foto fan de dei te meitsjen: it ienige doelpunt.

Hendrik de Jong set fanôf de efterline foar en Robert Sijbesma skood de bal oer de line (foto Henk Bootsma)


Ferslein sitte en stean de Starumers der by, wylst de oanfallers fan SDS elkoar yn de earmen fleane en de ferdigeners der oan komme

1-0: dat jout grutte freugde (foto Henk Bootsma)

In moaie aksje foto fan Hendrik de Jong (foto fan Henk Bootsma)