Wepperkes -snein-

Samar in sneon yn byld
24 april 2005
Wepperkes -moandei-
25 april 2005

Jalko
Dat is de namme fan de soan fan Evert en Dieuwke Tanja. Mem en dochter meitsje it goed en hoopje moandei thús te kommen. As in pau sa grutsk fertelde Evert dat “it in 9 pûnder wie”.

Op in opmerking fan immen dat hy it mar goed foar elkoar hie mei in soan en dochter, seit Evert: “Kinst de boutekeningen wol krije.”

 

Meinte
Al jierren reizget Meinte Wesselius nei it Fean om syn favorite ploech te sjen. Meast mei heit, soan of oare soan. De moannen ferlear sc Heerenveen noch al wat en dat soarge foar in swiere taak foar Klaske, want dy moast him dan wer opfange.
Omdat Klaske konstatearre dat er in te lange tiid siet tusken de nederlaach en it thúskommen like it har better om mar in kear mei te gean, om de neisoarch gelyk nei de wedstryd te bieden om man Meinte.

Nei ôfrin fan sc Heerenveen- RBC koe Meinte syn seizoenkaart gelyk ynleverje. Sa’n moaie oerwinning (7-1) smakke foar Klaske nei mear.
Meinte fangt no tenei Klaske op nei wer in grutte oerwinning.

Krekt ferlern
SDS C1 ferlear sneon wat ûngelokkich fan Hârns C1. Wylst eltsenien tefreden like mei in puntsje, gienen de mannen fan Age Tigchelaar der yn de lêste sekonden dochs noch mei de 3 punten fan troch. Klik
hjir foar it ferslach fan Andries Brinksma.

 

Houterich
By SDS 2 spilet Robert Hoekstra lêste man. Yn de wedstryd tsjin Olympia 2 klaimde hy in frije traap by de skiedsrjochter neidat de tsjinstanner him springend oan de kant reage.
”Do moast better meispringe en net sa’n houterige beweging meitsje,” rôp skiedsrjochter Ybema fan Warkum him ta.

Omprate
SDS 3 moast fuotbalje tsjin Warkum. Lieder Wouter hie syn kar makke en dat betsjutte dat Harm Auke net yn de basis-alve stie. By it skoft stie SDS wol foar mar de lieder wie der noch net fertroud op, dus liet hy syn ploech stean, dit ta grutte teloarstelling fan Harm Auke dy’t fansels ek sa graach in doelpuntsje meipikke woe.
Harm die syn gewoane klean wer oan en liet syn mem witte dat hy net mear ynfalle soe.
”Dat is swak fan dy,”sei sy, “dêr hast allinne dysels mei.”
Moai dat Harm Auke nei dizze wize wurden harke, want hy die syn sjurt wer oan en mocht in kertier foar tiid ynfalle foar Jappie en hy skoorde yn dy koarte tiid ek noch in doelpunt.

 

Doelpunten
Jappie Wijnia wie fansels de grutte man ôfrûne sneon. 5 doelpunten en ek noch wol allegear mei de kop. Jappie sjit omheech op de list en fynt oansluting mei de subtop, wêr’t ek Eddy de Boer, Pieter Kamstra en Harm Auke Dijkstra harren doelpuntsje meipikten. Eddy de Boer dy, dwaande is mei syn lêste wedstriden, skoorde sels 3 kear.

Wichard Deinum (SDS1) en Gerlof Jan Hofstra (SDS5) skoorden harren earste doelpunt dit seizoen. Sjoch foar de komplete list by senioren

 

Underbroek
Frou Kooistra wasket altyd de sjurtsje boel fan SDS 1. Al wiken sit er in ûnderbroek by. Se wasket him alle wiken en leit dan kreas boppe oan yn de tas. Mar fan wa is dat ding freget frou Kooistra har ôf?


Nije skuon
Floris Hiemstra fuotballe sneon op spiksplinternije fuotbalskuon. De âlden wienen noch lang net tenein allinne net mear te finen. Sneontemiddei kamen sy wer boppe wetter. Doe ’t foar de wedstriid de tas mei de sjurtsjes iepene waard, kaam earst in ûnderbroek tefoarskyn en dêrnei………Floris syn skuon. De skuon sieten lykas de ûnderbroek by de wâsk fan frou Kooistra.

Fardiploma 1
Ferline wike wie der yn it Fean in mooglikheid om farbewiis 1 te heljen. Tamme de Boer
en Meinte Wesselius wiene twa dielnimmers oan dit teoretyske eksamen.
Sy meie hjir no de wetters op. At nei sa ’n eksamen de seesykte ek ûnder kontrole holden wurde kin, is noch mar de fraach.

 

Tegel
SDS 5 krige op it lêste momint noch in ôfsizzing. Jeroen Hoek wie mei tegels dwaande west en hie dêrfan ien parkeard op syn tean. Gefolch: stikken. De tean wol te ferstean.