Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
24 april 2005
Wepperkes -tiisdei-
26 april 2005

Earste klas kenner fan de twadde klasse K
Wa wurdt kampioen, wa docht mei oan de neikompetysje, wa degradeart streekrjocht en wa einigt op it tredde plak fan ûnderen. Op dy fraach hawwe wy al ferskillende antwurden binne krigen.
Ut Garyp, Drachten, Droegeham, Ealahuzen, Wommels en Easterein. Der binne ek noch moai wat dy wolle der noch efkes oerneitinke. Wy ferwachtsje jim reaksje op info@vv-sds.nl  Doch mei en win in SDS horloazje.
Moarn jouwe wy in earste oersjoch fan ynstjoeringen.

Jacob Klaas net yn earste klasse
Boppesteande tekst slacht net op it fuotbal mar op it keatsen. Jacob Klaas sil de kommende tiid yn de haadklasse akteare. Hy is de ynfaller foar Henk Vlietstra. Syn maten binne Jehannes Dijkstra en Gerrit Flisijn.

Midsimmercup 2005
It sealteam fan SDS docht dit jier ek wer mei oan de Midsimmercup. Dit toernoai wurdt foar de 2e kear organiseare en wurdt hâlden op sneon 11 juny. It wykein is der lotten. SDS sit yn in drege poule mei:
– De Herauten(sealteam út Burgum, kampioen yn de 1e Klasse)
– Drachtster Boys(fjildteam, wurdt kampioen yn de 1e Klasse)
– Workum(sealteam, spilet yn ‘e Haadklasse)

Hûn
Redactie,
Een mooie foto bij sds kootstertille.
De skeids een bekende en oud collega(ex kpn) uit Meppel heeft een hond. Niets bijzonder denk je. Echter het is een friese stabij. En vernoemd naar een andere skeids.
De hond heeft Douwe. Groeit goed en is nooit geblesseerd. In tegenstelling tot….
Gr
Douwe Reitsma


KNVB-webside
De KNVB giet sa krekt foar it ein fan de kompetysjes hun hiele webside oanpassen/fernijen(sjoch hjir). Dit betekent dat in soad links fanôf dizze side nei de KNVB-webside ein dizze wike wierskynlik net mear wurkje. Wy hoopje dat dit foar it ein fan de kompetysjes wer yn oarder is.

De nije Treffer
Ein dizze wike giet de nije Treffer wer nei de drukker (Hanzedruk) ta. Dat betekent dat wy woansdei de lêste stikken binnen hawwe moatte. Dus hawwe jimme wat foar de kommende Treffer, mail it nei DeTreffer@vv-sds.nl.

HIJ?
SDS wûn sneon knap fan Workum 3 mei 6-1. 5 fan de 6 goals waarden makke troch Jappie Wijnia. Dit koenen jimme al lêze hjir op de side, yn de Ljouwerter Krante en no ek op de prachtige webside fan Workum 3. Sy hawwe aardich ûntzach foar him yn Warkum en skriuwe sles HIJ op hun webside. Mei haadletters dus. Klik hjir foar hun ferslach mei de foto’s.