Samar in sneon yn byld

Wepperkes -sneon-
23 april 2005
Wepperkes -snein-
24 april 2005

Op sneon 23 april fregen wy ús wer hiel wat ôf. In oersicht fan de fragen wêr’t wy mei sieten. Gelokkich kinne wy ek in oantal antwurden jaan

Fraach 1:
Christiaan Hoekstra seit al moannen ôf omdat hy in hús bout. Is dat wol sa?


It antwurd is dus ja, de dakpannen lizze der no op!!! Syn broer Marco holp ek mei mar…..

Fraach 2:
Kin dat wol,  moarns C2 tsjin Heerenveense Boys fluitsje en middeis noch in wedstryd fuotbalje?

Syb Overal besocht it yn alle gefallen. Hjir rint hy der noch fit by.

Fraach 3:
Wurde der by de jeugd ek goeie strafskoppen nommen?


It antwurd is ja. De spiler fan Heerenveense Boys jaaide de bal hurd yn de boppehoeke. Dêr koe Wytse van der Schaar(reservekeeper fan C2) net by ûndanks syn prachtige safe. Wytse naam it 5 minuten foar tiid oer fan Harm-Jan Kamstra dy ’t blesseard rekke wie.

Fraach 4:
Wêr stiet Sietse Kooistra hjir oan te tinken?


It antwurd moatte wy skuldich bliuwe: it kin wêze dat hy him alfêst konsentreart foar de bartjinst mar it kin sa wêze dat hy geniet fan it it moaie koarte gers.

Fraach 5
Wa sitte dêr allegear op de simmerstuoltsjes by SDS 3


Dat wiene de lûdroftige supporters fan Warkum 3, dy ek nei ôfrin (6-1 ferlies) harren alvetal lied út folle boarst songen.

Fraach 6
Wa moasten dêrtroch dy wedstryd steande folge?


De supporters fan SDS 3, dy’t 6 kear de hannen út de bûse dwaan koene.

Fraach 7:
Wa hie moarn noch dakpannen lein en lei middeis foar de bal om Warkum fan in doelpunt te hâlden?


Dat is fansels Marco Hoekstra!!!!

Fraach 9
Wa stie op nûmmer 3 by Warkum 3

It antwurd is hiel ienfâldich: allegear. Nûmmer 3 skoorde, krige in giele kaart, naam alle frije trapen, smiet de bal yn en waard wiksele foar in oare nummer 3.

Fraach 10
Welke SDS-er woe ek yn in read (Warkum) sjurtsje spylje?

It antwurd is Ronny Wagenaar. Mei in flinke skuor by de wynbrau koe hy nei dr. Loor foar 9 hechtingen. De lêste 5 minuten die hy wer mei.

Fraach 11
Kin dat wol,  moarns C2 tsjin Heerenveense Boys fluitsje en middeis noch in wedstryd by SDS 3 fuotbalje?

Nee, dat kin krekt net. Op fersyk fan syn freondinne hawwe wy dizze foto makke.

Fraach 12
Wa krige in publykswiksel omdat hy it kopke der goed by hie ?
 
Jappie Wijnia. Hy skoorde 5 fan de 6 doelpunten en allegear mei de holle. Harm Auke komt er yn en lobt it 6de doelpunt der yn.

Fraach 13
Binne der mear fotos fan SDS 3-Warkum 3


It antwurd is ja, at jim 
hjir  klikke kinne jim alle foto’s noch efkes troch sjen.

Fraach 14
Krige SDS 1 in protte kansen tsjin Kootstertille 1?

Dat kinne je wol sizze ja. Seker yn de earste helte telden wy 8 goeie kansen en noch wat mooglikheden,wêrfan mar twa benut waarden: Hendrik en Wichard skoorden

Fraach 15
Wa wie de skiedsrjochter by SDS 1?


Dat wie de hear Spraakman út Ljouwert. Hy hie in makkie en hoegde syn moaie reade fluit net faak te brûken.

Fraach 16
Die Harm Stremler ek mei?


Harm stie wer links op it middenfjild en sa te sjen hie der in protte wille. Hy skoorde ek wer. Al wer net út in strafskop mar gewoan in oerhurde pegel.

Fraach 17
Binne der noch mear foto’s fan dizze wedstryd?

Ja noch in pear, at jim 
hjir klikke dat kinne jim se sjen.

Fraach 18
Wa waard de man fan de wedstryd?


De kommisje hie it maklik. Wichard Deinum moch nei ôfrin pronkje mei syn dochters doe’t hy dit blide nijs hearde. Mei in doelpunt, in assist en in protte driging koe nimmen om him hinne.

Fraach 19
Wiene der files yn de buert fan Easterein?


Ja, in flinke opstopping mei berneweinen hie ta gefloch dat de wei nei de kantine in skofke blokkeard wie.

Fraach 20
Hoe kinne je de bern eventueel stil krije.

Dan kinne je Ate Vellinga ynskeakelje. Hy skoodt de wein (mei Pieter deryn) efkes hinne/werom en it resultaat is ferbuffend. In rûntsje it fjild om sil him net wurde, sa liet Ate witte want dat is in te grutte oanslach op syn kondysje.

Fraach 21
Is der noch mear nijs?

It antwurd is ja. Der komme hjoed ek noch in protte oare wepperkes. Wat hjoed seker ek komt is de striid yn 2de klasse K dy’t noch net spile is
Wy wolle elkenien stride litte om de titel: “Wa is de earste klas kenner fan de twadde klasse K”.

Hawwe jim wat temelden, te finen of te sizzen: mail it ús. info@vv-sds.nl