Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
22 januari 2005
De nije SDS League
23 januari 2005

Team 1 wint SDS toernoai!
It SDS-sealtoernoai is sneontejûn wûn troch team 1; Samme, Pieter, Sipke, Jacob Sjirk, Paulus, Thierry en Freddie. Sy bleaunen team 2(Stefan, Jelle, Arnold, Gerlof, Sybren, Jelte en Jan Stenekes) krekt in puntsje foar. It toernoai wie aardich slagge in dielname fan sa ’n 35 man. Om ‘ t de A-seleksje fuort is, wie dit net in minne opkomst. Eddy de Boer liede alles yn goeie banen mei assistinsje fan syn leaftallige assistentes Dukke van der Wey en Immie Kamstra. De publyke belangstelling foel jammer genôch al wat tsjin.

Better net as let?
Dirk-Yde Sjaarda hie it forige wike moai regele. Hy tocht dat sy moandeitejûn sealfuotbalje moasten en hie moai op ‘e tiid ôfsein by trainer Lykle Bleekveld dat hy net kaam te trainen. Hjir wie Lykle net sa wiis mei om ’t hy dan mei in oneven aantal minsken traine moast. Lykle regele der dan ek wat minsken by sadat it dochs moai útkaam. Dat hie der tocht. Doe ’t sy begjinne soenen te trainen die bliken dat Dirk-Yde der dochs wie. Hy hie him fersint mei it sealfuotbaljen. Dêrtroch wienen der dus dochs wer in oneven aantal minsken te trainen. Dit zinde Lykle mar min en alle spilers mochten dan ek begjinne mei in duurloop fan 9 minuten sadat Lykle syn training oanpasse koe.

Gjin problemen
Wy hawwe noch neat fernommen fan de mannen yn Zandvoort. Wy nimme dan ek oan dat de A-seleksje hun aardich gedroegen hat dêr. Sy hienen al wat problemen om taxi’s te krijen en beslúten mar mei syn allen yn ien taxi te gean. Dit paste mar krekt.

It liket al moai waar yn Zandvoort.

Arsenal-Newcastle
Mochten jimme hjoed Arsenal-Newcastle United op tillefysje sjen, let dan efkes goed op de tribunes. As it goed is dan sit Dirk-Yde Sjaarda yn it stadion fan dizze wedstriid te genietsjen. Eins komt hy mar foar ien ding op Highbury en dat is Dennis “The Menace” Bergkamp. Hooplik hat Arsène Wenger it goed mei him foar en docht hy efkes mei.