Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
21 januari 2005
Wepperkes -snein-
23 januari 2005

Net oefenje
De oefenwedstriid fan SDS 2 fanmiddei tsjin Skearnegoutum giet net troch.

4-2 wûn

SDS 1 hat tongersdei syn oefenwedstriid mei 4-2 wûn fan……..Hardegarijp. Zwaagwesteinde belle op it lêste momint ôf om ’t der nogal wat spilers siik wienen. De doelpunten waarden makke troch Skelte (2x), Robert en Harm(penalty).
(mei tank oan Jacob-Klaas)
 
Ut de âlde doaze

Boppesteande foto stie  in pear dagen lyn op dizze side.

De fraach wie: wa kin al dizze jonge hearen?

Wy krigen in antwurd fan ien fan dizze jonge hearen: Ype Tiemersma. En oan de list fan nammen te sjen giet hy foar it bierke dat Willem oanbiede sil.


Steand: Klaas van der Weg, Cornelis Kappe, Enne Bruinsma, Haye Bergstra, Koen de Jong, Albert Ruiter, Henk Zijlstra (trainer-lieder)
Sittend: Cathrinus Gerbrandy, Pieter van der Weide, Ype Tiemersma, Daan Boersma, Oane Bauke Zijlstra, Menno de Vries, Jan Vellinga.

 

Ype wit net seker at it no de B of C junioaren wiene en yn hokker jier (87/88?)

Wat hy wol seker wit dat se kampioen waarden!!!!

Wierskynlik giet it bierke nei in oare spiler op dizze foto;  Oene Bouke Zijlstra. Hy mailde deselde nammen, mar koe ús fertelle dat dit in foto wêze moast út it seizoen ’76-’77 en dat sy heechstwierskynlik D-pupillen wienen. Ek neffens him waarden sy kampioen.
 

Tegelwysheid

Wy krigen al in earste reaksje binnen. Oebele Pier syn tekst wie wat oan de lange kant dêrom hawwe wy der twa tegels fan makke.

Us reaksje op dizze wysheid, hawwe wy al maild nei Oebele Pier.

 
Liftferslach
By supportersgroepen SDS stiet it komplete liftferslach fan 2005. Mar ek op oare siden is soms noch wol wat te finen. Op
versuiteigenoven stiet in leuk ferslach fan Teade de Boer en Klaas Malda. Fansels ek wer mei foto’s.
 
It fundamint fan SDS
Dat wie in kop yn it Frysk Deiblêd fan ôfrûne wike. In krease bylage oer de winterstop gie oer de bruorren Hiemstra fan SDS. Jim kinne de
foto hjir sjen en it artikel hjir.