Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
2 maart 2007
Wepperkes -moandei-
5 maart 2007

Skuon
Trainer Marco Hoekstra freget de A en B spilers moarntejûn net allinne de fuotbalskuon, mar ek oare sportskuon mei te nimmen. Want mocht it wat te wiet wêze dan kin der wat oars útfûn wurde.

Catan
Sneintemiddei, sneintejûn, sneintenacht en mooglik ek in grut diel fan de moandei is de Jimbar it toaniel fan de striders fan Catan. It tempo wurdt bepaald troch de dreechste tinkers. De earste pot duorre dan ek hast twa oeren langer as gemiddeld. Mei Watze en Dirk Yde skine je dat te krijen.

Nei de Arena

Goed oplette hjoed bij de bylden fan Ajax – SC Heerenveen. Want Habtamu de Hoop fan F1 mei as “jonge held” mei it fjild op as de spilers opkomme. Dêrnei sil er mei syn heit de wedstryd sjen. Hij hat ús tasein dat er in ferslach makket. Wij binne hartstikke benijd.

In muntsje

Marco Hoekstra wie mei in oantal A-spilers sneon drok dwaande om de tegels der út te heljen. Moarns in moaie slach dwaan en tusken de middei efkes meielkoar snekke.
Nei it snekken soarge Marco foar in echte ferrassing: hij hie foar elkenien noch in pipermuntsje, om de smaak wer goed te krijen.

WPB- Mulier
Op sa’n frije sneon is der in moaie gelegenheid om efkes bij in oare klup te sjen. De gemeente Snits hat WPB segene mei in prachtich fjild en sa kin it dêr altyd troch gean. Meardere SDS-ers (Jan, Harm, Feite, Anne, Rene, Lolke, Rients, Geert, Gatske en Aant) wiene tsjûge fan in yndrukwekkende stille minut foar Nutte de Leeuw en fan in wedstryd dy’t Mulier winne moast. It wie mar goed dat er stekken om it fjild hinne stien oars hie Richard de Jong neist it fjild stien te fuotbaljen want hij besocht konstant 20 meter efter syn ferdigening te bliuwen en hoopte dat er net hoechde te draven.

Oefenje
SDS 1 is drok op syk nei in tsjinstanner en in fjild om tiisdeitejûn te oefenjen. Dizze oprop stiet op de webside fan Voetbalnoord(klik
hjir).

Allegear drokte
Der wiene sneon hiel wat frijwilligers dwaande om de lêste hân te lizzen oan de berchromte. Kezinesetters, stienlizzers, (op) skeppers, sjofelriders en hampelmannen. Letter hjoed hoopje wij de foto’s sjen te litten.

Goal fan it jier!!!
Martin Palermo, spits fan Boca Juniors, hat foarich wykein yn Argentinië tsjin Independiente alfêst de goal fan it jier makke. Sjoch en genietsje(klik
hjir).

Pikefel(18)
La Bombonera, it stadion fan Boca Juniors, is ien fan de meast yndrukwekkende stadions fan de wrâld. Om pikefel fan te krijen dus(klik
hjir).