Wepperkes -sneon-

Oflastingen -sneon-
2 maart 2007
Wepperkes -snein-
3 maart 2007

SDS 1 traint wol
Om 13.00 oere is der in oerke trainen foar de spilers fan SDS 1. Nei ôfrin is der noch orisjinele aktiviteit meielkoar. (bron Anne Brouwer)

SDS 2 traint ek
Om 14.00 giet SDS 2 trainen. (bron Gert Jan)

SDS 3 net nei Frjentsjer
Ek SDS 3 is ôflast. It tredde hoecht net te trainen, dus kinne se moai wat tiid oan harren húshalding bestede. (bron Aukje)
Spilers fan it 3e dy ’t nocht hawwe om te trainen kinne mei it 2e mei traine om 14.00.
(bron: Remco Bervoets)

WPB-Mulier
Yn Snits leit der in fjild al knap by. Miskien in ideetsje om dêr fanmiddei efkes te sjen? Waterpoort Boys-Mulier begjint om 14.30(klik hjir).
(bron: Voetbalnoord)

In moai sânbêd

Freedtemiddei wiene Klaas Overal en Willem Twijnstra dwaande om de lêste hân te lizzen oan in moai sânbêd. Want sneon sille der wat strjitlizzers en helpers der in moai paad fan meitsje. En no mar hoopje dat it droech bliuwt want oars wurdt it in
………………

It archyf

It wedstrydsekretariaat fan SDS moat leech helle wurde foardat de kantine tsjin de flakte giet. En wa kin dat no better dwaan as twa eardere foarsitters fan SDS: Tinus en Enno lade alles op de karre en bringe it yn it tydlik archyf bij de famylje de Jong oan de Streek.

Netten knope

Ek Andries Stuiver lei der freedtemiddei plat foar. De nije netten moasten goed fêst makke wurde oan de nije doelen. It is in lust om te sjen sa moai de doelen der útsjogge.

Gjin frije sneon
In selekt groepke fan SDS A1 sil moarn wat oan de teamspirit boue, oftewol se dogge oan teambuilding. Dit is omdat der sneon gjin wedstriid op it programma stiet; der binne wat jonges dy moatte mei de senioaren mei, en der binne minsken die bliuwe thús. Mar der binne in stik as 5 jonges dy’t tegearre mei de trainer yn de tegels sille, se helje de tegels om de kantine wei en stapelje se op pallets…
Ien fan dy jonges is Ids de Boer, fan him krigen wij dit berjocht.

Voetbalbeurs
Op ynternet stikt it fan de spullen en sportsiden wêr’t je wat winne kinne. Op dizze side kinne je hannelje yn oandielen fan fuotballers en prizen winne. Foar de leafhawwer klik
hjir.

Ut syn dak
Freedtejûns heare wij meast nei in streekrjocht ferslach fan de wedstryd fan Cambuur. Wij witte dan moai op tiid mei hoefolle se ferlern hawwe.  Justerjûn kaam Cambuur op 4-2, foar foar de dúdlikheid. Ferslachjouwers Geert en Sjouke wiene entoesjast en Sjouke joech oan: “It publyk is ek troch it dolle hinne hjir, moatst sjen Geert dy dêr giet hielendal út syn dak”.
“Ja,” seit Geert van Tuinen, “dat is Marcel Frankena, de trainer fan twadde klasser SDS.”

Frysk damjen
Stoffel berjochtet fannemoarn:
Giet it hjoed net troch dan kinne jimme altyd noch efkes yn Jirnsum (twa gemeenten) sjen by de persoanlike kampioenskippen Frysk Damjen. Dêr damt Stoffel om it kampioenskip, Germ Terpstra yn groep 2 en Fedde Wiersma yn groep 3.

Nijs en berjochten kinne maild wurde nei dizze adressen.