Evenementen in december 2022

Útslaggen SDS 13 novimber
13 november 2004
Wepperkes -moandei-
15 november 2004

Topskoorders
Ferline wike hiene wy noch 4 koprinners. Sneon binne der twa (definityf) ôffallen. Want allinne Gearard en Hendrik skoorden. De komplete list stiet by senioren.


Drege kar

SDS 2 útsjen yn Easterein en it begjin fan SDS 1 yn Starum sjen wie ûnmooglik. Dêrom diskusearden Durk, Robert, Jan en Aant yn groepkes fan twa wat de no de beste kar wie. Dúdlik wie wol dat er gjin rekken holden waard mei de stelling fan Gerrit T. Dat Starum mar 20 minuten riden wie.
Earder fuortgean like dochs de beste kar want Heerenveense Boys miste de iene kans nei de oare sadat nimmen twifele oan it feit dat SDS 2 dochs wol winne soe. Se stiene ommers foar mei 2-0. SDS 1 wol ek noch wol ris goed begjinne dus moatte je dêr ek op tiid bywêze. Der waard in  op in bepaald momint dochs mar besletten om earder fuort te gean. Nei 30 minuten kaam it kwartet oan yn Starum en it die bliken dat er ûnderwilens 3 minuten op it prachtige skoareboerd stiene. Tefreden seagen de hearen Hendrik de Jong skoaren yn minút 4. In goeie kar dus, want SDS 2 hie de winst beholden ûntank it feit dat it noch 2-1 wurden wie.


Nei 31 minuten stie der noch sa’n moaie 1-0 foarsprong foar SDS op it boerd.

Eindliks wer ris wûn.
SDS E2 wûn sneon mei 3-2 yn Koudum fan Oeverzwaluwen. Dit koenen sy wol wer ris brûke. Nei 8 ferliespartijen hawwe sy no eindliks de earste 3 punten te pakken. Doelpuntmakkers wiene Christiaan Zijlstra, Allert Turksma en Pieter Wesselius.

Spandoek
Dit lêzen wy op de tribune by NAC-AZ;
“Liever in de zak naar Spanje,
dan Van Galen in Oranje”.


SDS 2 stiet 2e!
SDS 2 bliuwt moai meidwaan yn ‘e Reserve 1e Klasse. Nei de winst op Heerenveense Boys steane sy netsjes op it 2e plak. Konkurrint HZVV ferlear fan Olde Veste. Urk stiet rom oan kop. Sy hawwe 7 punten foarsprong op SDS 2. HZVV kin SDS noch foarby as sy de ynhelwedstriid winne. Klik hjir foar de stân.

 

Kenniskwis
At jim hjoed it programma fan de kommende wike trochnimme sjoch dan efkes nei tongersdeitejûn. Stiet er wol yn dat dan de twadde foarronde fan de kenniskwis is. 3 trainers sille de striid mei-elkoar oangean. Kin Kees Jansen it ferlies fan syn ploech tsjin Wikels Hallum goed ferwurkje en hoe sit it mei Lyckle Bleekveld: spoket it 2-1 ferlies tsjin QVC noch yn syn holle om. En hoe soe it mei Klaas Okkema wêze nei de winst fan SDS 2 tsjin Heerenveense Boys 2. Tongersdeitejûn 18 novimber om 21.30 oere yn de kantine.

 

Horizontale of fertikale strepen
Nei ôfrin fan QVC- SDS gie it oer de “grutte” keardels fan QVC. Neffens sjurtsjedeskundige A. lykje de Starumers allegear grutter dan at se binne. “Dat hat te meitsjen mei de fertikale strepen, dan lykje je langer”, wie de stelling.

Rugbydeskundige S. koe dat befestigje. “Wy rugbyers hiene altyd horizontale strepen want dan lykje je breder en dat is foar rugby wichtich”. Tahearder Tamme luts dêrnei de goeie konklúzje: Foar my soe it sjurtje mei fertikale strepen better wêze want mei horizontale strepen lykje ik wol hiel breed.
At je de kommende wiken brede fjirtigers yn truien en sjurten rinne sjogge mei fertikale strepen dan witte jim wêrom dat sa is.

Doelpuntenmakkers SDS 2


Skelte de 1-0


Willem de 2-0