Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
14 november 2004
De Treffer
15 november 2004

Klaaihokjes Wommels
“Beste brûker fan de klaaihokjes yn Wommels,
Sa as jimme witte brûke we de klaaihokjes yn Wommels fan tennisclub de Boskrânne ut Wommels.
Eilaas krije we de leste tiid noch alris klachten fan de tennisclub oer it brûken fan de klaaihokjes en dat giet dan om it net út dwaan fan it ljocht en it skjin meitsjen fan de fuotbalskuon ûnder de kranen wêrtroch ôfrûne wike de ôffier ferstoppe rekke is.
Ik wol jimme dan ek mei klam freechje de klaaihokjes allinnich te brûken foar it omklaaien en dûse nei de training en kreas achter te litten oars kinne wy as bestjoer net garandeare dat der yn Wommels noch dûst wurde kin en dat is krekt om dizze tiid dochs wol noflik liket my!
Ik rekkenje op jimme meiwurking”.

Rienk Wiersma
Foarsitter vv SDS

SDS 1 ferliest mar bliuwt koprinner
SDS 1 ferlear sneon mei 2-1 fan de Quick-Valken-Combinatie yn Starum. Hendrik de Jong pikte wer syn goaltsje mei mar hy fansels leaver sjoen dat hy ek de trije punten meinimme koe. Jimme kinne
hjir klikke foar it ferslach fan Wichard oer û.o. de hurde wyn, de “zeer vuil vlaggende grens”, “de grijze middenmoot” en in oprop oan de supporters.

SDS 2 stiet 2e
SDS 2 wûn sneon mei 2-1 fan Heerenveense Boys, nei hun lêzen al ferslein te hawwen mei 5-1 yn ‘e beker. SDS 2 komt hjirmei op it 2e plak. It ferslach fan ‘e wedstriid kinne jimme
hjir lêze.

SDS 3 ûnderút yn Workum
SDS 3 gie sneon foar it earst yn tiden(wa wit wat de lêste nederlaach wie?) wer ris ûnderút. Yn Warkum waard mei 4-1 ferlern fan “it minst ûngesellige team út Warkum”, Workum 3. Sy hawwe sels in eigen webside, namelijk
www.workum3.nl. Ûnder “Verslagen Friso” kinne jimme it ferslach fine oer de wedstriid tsjin SDS 3.

Wa binne dat?
As je wat tiid oer hawwe surf je wolris wat op it ynternet. Sa kaam ik telânne op www.schoolbank.nl
. Hjir kinne je âld-skoalgenoaten fine en soms âlde skoalfoto’s besjen. Sa kamen wy ek ien tsjin fan klas 4 fan de MAVO fan 1997 yn Wommels.Opfallend op dizze foto is dat der hiel wat SDS’ers op steane. Hjir in lyts hoekje fan dy foto.

Klik op de foto foar in fergrutting.
Kinne jimme ús fertelle welke SDS’ers hjir allegear op steane? Mail it nei
info@vv-sds.nl