Wepperkes -snein –

Utslaggen sneon 23 oktober
23 oktober 2004
Justerjûn ledengearkomst!
25 oktober 2004

1-1

Klaas Okkema (trainer SDS 2 en heit fan SDS 1 spiler Tsijpke Klaas) en Richard de Jong (spiler fan WPB) hiene dizze wike as kollega’s in protte praten oer de kommende wedstriid. Se hiene der sels om wedde. De ferliezer moast de boel yn Easterein oprêde en de seleksje op in snackje trakteare. Krekt foar tiid krige SDS in strafskop. Der wie wat twifel oer de strafskop en WPB spilers protestearden licht. Op ien nei. Dat wie Richard de Jong, hy protestearde swier, hy wie poerrazend, yn alle steaten,  breinroer en net te hâlden. Want mocht SDS skoare yn dy lêste minút dan moast hy it fjild opromje. En mei dy hurde wyn en it wiete waar wie dat net in goed foarútsjoch. Gert Jan Hiemstra miste sadat Richard en Klaas frij wiene fan oprom wurksumheden.

Nei ôfrin hiene se it der noch efkes oer.

 

Gert Jan yn Clarence Sluierklassemint
Anne Stenekes hat net lang geniete kinne fan syn posysje yn it Clarence Sluierklassemint. Gert Jan Hiemstra moast efkes op de foto nei ôfrin fan SDS- WPB. Sjoch by senioren foar it folsleine klassemint.

 

Net wer derút

Harm Stremler wie wiksele yn de wedstriid SDS-WPB. Wat fûn Harm nei ôfrin fan de miste strafskop: Dy trainer wikselt my yn alle gefallen net wer.

 

Ald izer

WPB is in prachtige klup mei emoasjes. Jan Dommerholt, de eardere foarsitter lit ek altyd witte wêr’de roots lizze fan de klup: Yn it kamp. Dat lokte ien fan de SDS supporters út ta de stelling: Se nimme leaver wat âld izer mei hjirwei dan de 3 punten.

 

Skoreboerd

Al mear as twa wiken lyn wie de derby Nijlân-SDS. As grap wie it skoreboerd út Easterein fuorthelle. Leuke grap, mar it hie noch leuker west at se it boerd ek werom brocht hiene.

Nei in protte gebel fan Rienk Wiersma, foarsitter fan SDS, kaam it boerd freed tejûn werom. De fjildfeinten moasten sneontemoarn gelyk al wer oan de bak om it boerd wer te pleatsen. En fansels wiene alle skroeven der net mear by.

 

Net yn Clarence klassemint
Tongersdei stie op dizze side dat Harm Auke Dijkstra by it futsal fuotbal fan SDS 3 in strafskop miste. Wy sprutsen de dieder sneon oan en fregen him at hy efkes op de foto woe: “mei de hân foar de eagen graach”

Neidat de foto makke wie frege Harm Auke: “wêr is it foar, is it foar in kwis”
Doe’t wy útleinen dat it foar it Clarence-sluierklassemint wie, wie hy ferbaasd. Want net hy mar Jacob de Vries hie de strafskop mist.

Derom wurdt dizze foto net opnommen yn it klassemint, mar bewarre foar letter. Of noch leaver, foar nea, want de kâns dat Harm Auke in strafskop mist is hast 0.

 
Ôflast
It oefenpotsje tusken SDS C1 en B2 is juster ôflast om it minne waar.

Ledengearkomste
Moarn is wer de jierlijks ledengearkomste. Dit is fanôf 20.00 oere yn de fuotbalkantine. Kom dus allegear! Klik hjir foar de agenda.