Wepperkes -snein-

Utslagen 4-11.
3 november 2006
Jûn ledegearkomste!
6 november 2006

Ferkearde tas
De fuotballers moatte der noch efkes oan wenne, dat it oan de ein fan de middei al tsjuster is. Yn dat tsjuster wol it fansels samar gebeure dat je in ferkearde tas meinimme. Se lykje ek allegear in ferdomd soad op elkoar.
Klaas Visser seach fannemoarn dat hij hij in ferkearde tas (in Umbro) yn de garaazje stean hie. Syn fraach is fansels: wa hat noch mear in ferkearde tas stean. Belje efkes mei Klaas 332316.

Giel??.Read!!
Dennis Dijkstra wie sneon wat ûngelokkich. Nei in oertreding yn de earste helte liet de skiedsrjochter trochspylje om Dennis letter noch in giele kaart te jaan. De skieds joech de kaart ferfolgens oan net oan Dennis mar oan Sjoerd Rispens. In soad konsternaasje mar hjir wie oerhinne te kommen. Krekt foar it skoft gie de skieds wer de mist yn. Dennis makke wer in oertreding. Tiid foar syn earste giele kaart. De skieds miende dat hy Dennis al in giele kaart jûn hie en joech him dus …..read! Dennis it smoar yn lykas meardere SDS’ers. De skieds hie der net in protte nocht mear yn en woe de wedstryd stake. Lokkich genôch wie eltsenien nei in heal oere wer oansprekber en koe der wer fuotballe wurde. Dennis siet ynmiddels al mei in min sin by de frou thús.

Huldiging

Erik Haitsma, Jacob Klaas Haitsma en Kees Adema spilen juster in beare partij mei SDS 1. Sij waarden net om dy reden justerjûn huldige, mar omdat se yn it pinksterwykein “Jong Nederland” wûn hiene foar Wommels. Se sieten justerjûn mei in strielende laits efter de tafel en wij kinne der net ûnderút om te konstatearen dat dizze farske laits foaral ek te meitsjen hie mei de oerwinning op Blauw Wit. Mear op dizze side en op NieuwsTV.

Doelpunten
SDS 3 docht it goed yn de kompetysje. Dat is seker ek te sjen oan de
topskoorderlist.

5 euro
Freed melden wy dat der ynbrutsen wie yn de kantine. Der wie in soad skea mar der wie neat meinommen. Dit klopte net hielendal. It docht bliken dat Harm-Auke Dijkstra tongersdeitejûn syn beurs yn de kantine lizze litten hat. De dieven hawwe syn beurs fûn, alle paskes derút smiten en al it jild meinommen. Hoefolle?….5 euro…

Ferslaggen
Ferslaggen en koarte nijtsjes oer wedstriden kinne jim fine op de side mei útslaggen. Spesjale oandacht freegje wij dêrbij foar it
tige sprekkende ferslach fan F3. At je it op de goeie toan lêze dat sjoch in polygoon sjoernaal foar je.

Tikkie terugJaapklassemint
Ek juster wie der wer in eigen doelpunt. Wa’t it is, kinne jim
hjir sjen. Dêr kinne jim it hiele klassemint ek sjen.