Utslagen 4-11.

Seleksjes -sneon-
3 november 2006
Wepperkes -snein-
5 november 2006


    útslach
14:30 SDS 1  – Blauw Wit ’34 1  2-0
14:30 SDS 2 (zat) – Urk 4 (zat)  0-0
12:45 SDS A1 – Bant A1  5-0
11:30 SDS B2 – Joure SC B5  5-1
10:15 SDS D2 – Makkum D2  13-0
9:00 SDS E2 – CVVO E3  1-7
10:00 SDS E3 – Terschelling E2  1-4
10:00 SDS E4 – AVV E2  7-3
9:00 SDS F2 – LSC 1890 F4  6-0
11:00 SDS F4 – Zeerobben F5  0-6
12:30 Makkum 2 (zat) – SDS 3 (zat)  2-5
14:30 Blauw Wit ’34 9 – SDS 5  4-3
13:00 Sleat 3 (zat) – SDS 6 (zat)  6-1
15:00 Geel Wit C1 – SDS C1  10-0(!)
10:30 JV Bolsward D1 – SDS D1  2-3
12:30 Dronrijp E1 – SDS E1  1-4
10:30 Balk F1 – SDS F1  5-3
11:15 ONS Sneek F5 – SDS F3  1-2


Witte jim noch in útslach dy’t er net opstiet, mail it ús. Maile kin nei dizze adressen.
Ek doelpuntenmakkers en opmerklike feiten krije wij graach troch

Bij de wedstriden:

SDS 1 – Blauw Wit ’34 1
SDS liet sjen dat se ek knokke kinne foar de punten. Yn in oantreklike wedstryd wêrbij Blauw Wit foar it sicht wat mear it spul diktearde, mar wêr’t SDS de beste kânsen hie. Bij it skoft wie it mar 1-0 nei in prima doelpunt fan Tsalling Sikma. Nei it skoft liet doelman Jaap Toering sjen  werom hij nei SDS kommen is. In oantal prima reddingen, wêrtroch Blauw Wit net skoare koe. SDS wol. Sij makke nei in prachtihge foarset fan Feite de Haan , dy’t krekt yn it fjild kommen wie. Hendrik de Jong kopte prachtich yn. Foto’s fan Henk Bootsma fan dizze boeiende wedstryd kinne jim hjir sjen.
Ek binne der foto’s fan Jaring Rispens. Dy binne hjir te sjen

SDS 2 – Urk 4      0-0
Tsjin de koprinner in puntsje pakke is fansels prima. Seker at je witte dat se ien helte mei 10 man fuotbalje moasten. Krekt foar de tee waard Dennis Dijkstra út it fjild stjoerd. Dat joech hiel wat opskuor en de skeids staakte de wedstryd. Yn de twadde helte waard er wol fierder fuotballe mar de spilers moasten harren mûle ticht hâlde.  It waard dus in deade twadde helte wat lûd oangiet, mar net wat striid oangiet.

SDS A1 – Bant A1   5-0
Foar Marco Hoekstra wie it in saak fan ymprofiseare, want der wiene in protte spilers net. Vitor Perim, de Brazilaanske staazjerinner wie der wol. Foar de lêste kear. Doelpunten wiene der fan Redmer, Vitor(2x),? en ?.
Moaie punten foar A1, hielendal no ’t konkurrint JV Bolsward ferlern hat.

Makkum 2  – SDS 3 2-5
In geweldige wedstryd fan SDS 3. Makkum 2 waard fuortspile. SDS kaam sels mei 0-5 foar… Doelpunten wiene der fan  Dirk de Jong, Remco Bervoets, Ruurd Boorsma en Wichard Deinum. It tikkieterugJaap klassement hat ek wer in nije kandidaat: Jentsje Jorritsma
Ek konkurrint IJVC wûn hjoed(klik hjir). SDS 3 spilet folgende wike út tsjin IJVC. De nûmer 1 tsjin 2.

Blauw Wit ’34 9 – SDS 5    4-3
In gelyk spul wie fertsjinne west neffens de feteranen. Doelpunten wiene der fan Ype Tiemersma (2) en Durk Okkema

Sleat 3  – SDS 6  6-1
“Net tefreden” wie it oardiel fan de spilers fan SDS 6. Sij ferlearen dan ek mei 6-1 fan Sleat 3. It doelpunt wie fan Harm Auke Dijkstra

Geel Wit C1 – SDS C1  10-0(??)
“Wierskynlik in moai min sin de weromreis of sy moatte al hynders sjoen hawwe op it waad”, wie it kommintaar yn de kantine. Oare ljochtpuntsjes wienen der dan ek net foar Zico en syn kompanen. De eksakte útslach binne wy efkes fergetten, mar de Amelanders kamen yn elts gefal yn de dûbele sifers.

SDS E3 – Terschelling E2
Weer veel inzet van SDS E3 maar met te weinig resultaat.
In de eerste helft zeker onverdient achter, Terschelling scoorde twee maal op de counter.
In de tweede helft speelde SDS beter door de ruimte te benutten, maar ook Terschelling speelde hierdoor sterker.
Maikel redde de eer voor SDS met een indirekte goal.
Man van de wedstrijd was Jesse. Dankzij zijn goede keepwerk bleef de schade beperkt.
Richard Oukes.

SDS E4 – AVV E2
In  pittich potsje, wêryn AVV fan 4-1 werom kaam op 4-3. Dêrnei spile SDS it goed út.
In prachtich doelpunt fam Lourens van der Pol: hij skoarde yn ien kear út in strakke korner fan Wiebe Heeres

Balk F1 – SDS F1
Earder melden wij dat it 5-1 wie. Dat wie net wier. 5-3 wie de einstân. 2 doelpunten fan Habtamu en 1 fan Watze Jacob

ONS F5 – SDS F3  1 – 2
(Polygoonjournaal)
Hoogmoed komt (bijna) voor den val!
Den coach van den kleine langbroeken uit Wommels en Easterein eiste niet minder dan tien doelpunten.
Dat dit een verlammende werking had op den kleine spelertjes werd al snel duidelijk. Nadat de witbroekjes “Roan de Keeper” in slaap sukkelden door het spel voor de ONS-goal te laten plaatsvinden, scoorden zij met een aalvlugge counter het eerste doelpunt. Roan zal zich tot in lengten van dagen nog afvragen waar die bal inenen vandaan kon komen. Pas daarna wreven de ventjes de slaapsporen uit de ooghoeken en combineerde men alsof het een lieve lust was. “Del Pitero” scoorde weer twee doelpunten, waaraan bij den eerste een reusachtige solo van Jos vooraf ging. Den gehelen tweede helft werd met samengeknepen billen doorstaan door het SDS-front, maar “Jan de nieuwe keeper” hield zijn doel schoon.
2-1 is een uitslag die SDS nog steeds de herfsttitel op kan leveren. Komt allen in groten getalle naar de slotwedstrijd in Easterein!
Douwe Posthuma