Wepperkes -snein-

Útslagen 16 septimber
16 september 2006
Wepperkes -moandei-
18 september 2006

SDS 1 – Heerenveense Boys 1
Foar wa’t de wedstryd net sjoen hat, of foar wa’t it nochris belibje wol, is hjir in moai byldferslach makke troch Henk Bootsma

Dit kin fansels net wer

De besitter fan dizze hûn naam sneon wol in hiel grut risiko troch it bist oan de kantine fêst te binen. Want at er him ek mar efkes skrap setten hie, omdat hij bygelyks in mol, in seefûgel of in kat sjoen hie , dan wie de kâns grut west dat er no in soartemei iepenloft kantine west hie.

Hast ek skoard?
Ype Tiemersma hat no wat in oare baan sadat hij sneons wol fuotbalje kin. “Poerrazend” wie hij doe’t hij sneon yn de earste helte op de bank plak nimme mocht. Klaas Okkema hie it swier te ferduorjen as lieder want Ype wit ferbaal altyd wol aardich wat arguminten oan te heljen werom hij der yn moast en Klaas in minne lieder is.  Ek Klaas Visser siet op de bank mei syn soan Ruurd of Jelle. Doe’t it skoft wie frege Ruurd of Jelle oan Ype hiel belangstellend: “Hast ek skoard?”

SDS B1 no swier ûnderút
Foarige wike wûnen sy noch mei 9-0, mar no gie SDS B1 mei 8-1 ûnderút tsjin Sneek/Wit Zwart B1. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn it ferslach fan Klaas Pompstra(klik hjir). 

E4 giet super
Ferline wike wûnen se mei 19-0 en sneon wie it 13-0. Tiid om de spilers fan E4 efkes foar te stellen. Sjoch hjir foar de
alvetalfoto.

Jeugdspilers
Wij hawwe it donkerbrune fermoeden dat er bij de jeugdalvetallen hjir en dêr wat feroare is. At jim dat sjogge op ien fan de siden jou it ús troch. Dat kin nei
dit adres. 

SDS League
Wy hawwe juster noch aardich wat minsken ree fûn om oan de SDS League mei te dwaan. Wy binne noch net hielendal klear mei tellen, mar it liket derop dat wy op sa’n 70 dielnimmers útkomme.

Fyts werom
Dirk-Yde Sjaarda hat syn fyts werom. Hy fûn him freed werom yn de fytsestalling by de sporthal. It is no de fraach wa ’t de fyts meinommen hat en dêr delsetten hat. Dirk-Yde is fan doel útgebreid ûndersyk te dwaan. Ien oanwizing hat der. It sadel wie omheech skroefe. Je soenen tinke dat de dieder dus grutter as Dirk-Yde wêze moat. Wy hâlde it op in ôfleidingsmanoeuvre. Ek is dêr de fraach as de fyts troch in man as frou meinommen is. Dirk-Yde siket noch minsken dy ’t dit efentueel oan it sadel rûke kinne…….

Rinnende werom
Gerlof-Jan Hofstra fytste sneon út de kantine nei hûs doe ’t hy op syn luxe Gazelle krekt efkes yn de berm bedarre. Gerlof-Jan bleaun oerrein, mar de fyts net. It foartsjil klapte dûbel en de fyts sjocht der no sa út: