Útslagen 16 septimber

SDS League: Hjoed ynleverje!
16 september 2006
Wepperkes -snein-
16 september 2006

Hjir alle útslagen fan sneon 16 septimber en inkelde wedstrydferslagen:

    útslach
14:30 SDS 1 – Heerenveense Boys 1  1-1
12:15 SDS 3 – Franeker SC 2  1-2
12:45 SDS 5 – Foarut 3  9-0
10:30 SDS C1 – JVC Nylan 2000 C1  3-7
9:00 SDS E3 – Leeuwarden E3  4-7
9:00 SDS E4 – Mulier E3  13-0
10:00 SDS F2 – Makkum F3  5-0
10:00 SDS F4 – JV Bolsward F4  0-3
14:30 Flevo Boys 2 – SDS 2  3-1
12:15 Bolswardia 3 – SDS 4  net spile
14:30 Delfstrahuizen 4 – SDS 6  2-1
14:00 SneekWitZwart B1 – SDS B1  8-1
9:30 Oosterlittens D2 – SDS D2  1-3
9:00 Balk E1 – SDS E1  2-4
10:00 Akkrum E2 – SDS E2  9-2
11:45 GAVC F1 – SDS F1  6-3
9:00 Heeg F3 – SDS F3  0-9

Bij de wedstriden

SDS 1 – Heerenveense Boys 1   1-1
Net ferlieze, dat wie in bytsje in motto dizze middei. De kânsen wiene dan ek djoer. SDS krige foar de tee ien echt útspile kâns, mar Henk Postma rjochte te heech. De Boys spilen wat makliker.
Nei it skoft in prachtige oanfal opsetten troch Tsjalling Sikma, mei help fan Tsjipke Klaas Okkema. Tsjalling skoorde syn tredde doelpunt fan it seizoen.
SDS moast en gie efterút. In net goed opromme bal waard troch de tsjinstanner yn it doel wurke. It wie it lêste kertier echt spannend, mar doelpunten foelen der net mear. Trainer Frankena fûn it lykspul it maksimale. tsjin in sterk Heerenveense Boys.

Flevo Boys 2 – SDS 2 3-1
SDS 2 kaam sûnder punten werom út Emmeloord mar de kofferbak lei al fol mei giele kaarten(Jan-Simon, Marten, Feite en Robert). SDS koe troch Willem op 0-1 komme mar dit misleare. De Emmeloorders kamen op 1-0 troch in maklik jûn penalty. Harm Stremler makke efkes letter 1-1. Nei de thee stie SDS efkes te sliepen. Binnen 2 minuten waard it 2-1. Nei wat kânskes mist te hawwen op de 2-2, makke Flevo Boys der úteinlik 3-1 fan.
Wer gjin punten, mar der waard wer aardich fuotballe tsjin wer in knappe tsjinstanner. Mar ris sjen wat dat kommende sneon oplevert yn de earste thúswedstryd tsjin Meppel.

SDS 3 – sc Franeker 2      1-2
“Dit hiene wij net ferlieze mochten” wiene de wurden fan doelpuntenmakker Wichard Deinum.

SDS 5 – Foarut 3 9-0
Bij it skoft wie it al 4-0 troch doelpunten Folkert Rients, Roel (2) en Sipke. Nei de tee waard besocht om alle oanfallen fia lofts te dwaan. Dat slagge. It levere 5 doelpunten op: Durk, Folkert Rients en Ype (3)

Sneek Wit/Zwart B1 – SDS B1 8-1
Twa wedstriden spile. Wûn mei 0-9, ferlern mei 8-1, 3 punten, +2. Der is noch genoch wurk foar trainers en lieders om de boel goed del te setten. Foaral yn wedstriden dat de tsjinstanner better as in maatsje te grut is.
De jonges geane moandei en woansdei wer fol oan de bak op de trainingen en wolle it sneon yn de earste thúswedstriid goed meitsje!
Klik hjir foar it folledige ferslach.
Groetnis,
Klaas

Oosterlittens D2 – SDS D2    1 – 3
Goals fan:
Sieta Tessemaker
Joost Verheus
Klaas Bouke Faber

Heeg F3 – SDS F3
In de voor de leider vertrouwde omgeving, daar waar hij ooit zelf SDS met ruime cijfers versloeg, liet F3 hem weer niet in de steek!Wederom winst met 0-9 tegen en in Heeg.
Vermeldenswaardig is dat Jos Wijnja en Andries Kingma gezamenlijk tegen de bal schoten. Nog nooit vertoonde wereldgoal! Uitgebreid verslag komt nog van Andries.
Tjerk

Fan de webmasters
Wij wolle de útslaggen fan alle wedstriden  graach fermelde. Foar útwedstriden is dat noch wolris in probleem.
Dus in fersyk oan lieders (of oaren) om ek de útslach op it boerd yn de kantine te fermelden of ús te mailen. Dat kin nei
dit adres.