Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
16 september 2006
Wepperkes -tiisdei-
18 september 2006

Futsal
SDS 1 spilet jûn om 19.00 yn Vledder tsjin Old Forward. Foarich seizoen waard der yn Vledder mei 6-3 ferlen fan Old Forward.
Foarige wike pakte SDS knap in puntsje tsjin Urk(klik hjir). Old Forward ferlear mei 5-4 fan ONR.
Wy binne benijd hoe ’t it SDS 1 jûn fergean sil.

SDS 3 ûnderút
SDS 3 ferlear sneon fan Franeker mei 2-1. Klik hjir om te lêzen hoe dit sa koe.

Nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer út. Hawwe jim noch wat foar yn de Treffer dan wolle wy dat graach hawwe foar tongersdei. Mail nei DeTreffer@vv-sds.nl.

35+
De 35+ kin der moarn wer in spiler by ferwachtsje. Floris Hiemstra wurdt moarn namelijk 35 jier. Alfêst fan herte lokwinske!


Feroare
By de jeugdteams is der(lykas by de senioaren) noch al wat feroare yn de teamyndieling. Sjoch mar ris by de foto fan F3.

Staand vlnr: Andries Kingma (weggekaapt bij F4), Anja Wijnja (leider), Piter van der Pol, Tjerk Lanting, Tjerk van der Pol, Marten van der Weide (weggekaapt bij E2).
Zittend vlnr: Jan Sytsma (nieuw lid), Jelmer Leystra (nieuw lid), Roan Petra, Wytse Yntema (nieuw lid), Idsert Wijnja en Jos Wijnja.

Safolle?
Al mei al hawwe sa ’n 80(!) minsken harren team ynlevere foar de SDS League. Dit liket derop.

De earste wykpriis
Yn ‘e rin fan ‘e wike kinne jim hjir sjen wa ’t der fan troch giet mei de earste wykpriis yn de SDS League. De punten fan it ôfrûne wykein telle hjirfoar. Op
www.competitiemanager.nl kinne jim neitelle as it kloppet. Tink der wol om dat sy dêr al in wike earder begûn binne.

Nije fersoarger?
It like wol of hie SDS 1 ôfrûne sneon in nije fersoarger:
Klik voor groot formaat
Tsjalling Sikma leit wol efkes noflik.

Klik voor groot formaat
Robert Sybesma wurdt ûnder de earms kitele.
(Foto’s fan Henk Bootsma)


Net fuotballe
De 2 plysjes fan SDS, Piet Kempe en Jos Zonderland koenen beide it wykein net fuotbalje. Sy wienen beiden frij mar seagen gjin mooglikheid om fanôf it wurk nei Easterein te riden………….


Miskien letter mear!