Wepperkes -snein-

Utslaggen 2-9-2006
2 september 2006
De Skoalleseize oan it wurk
3 september 2006

SDS 5 bekert fierder nei in sânklapper
Tsjin Zeerobben waard in klinkende oerwinning helle. Hoe dat krekt gie, kinne jim
hjir lêze.

SDS D1 bekert troch nei………frije sneon
SDS D1 bekert ek troch. Sy hoechden der allinne net foar te fuotbaljen. Franeker D2 hie net genôch spilers en der wie gjin mooglikheid om de wedstryd yn te heljen. SDS D1 waard útroppen tot winner en geane troch nei de folgende ronde.

SDS League
As alles wat meisit dan kinne jim hjir fannejûn de nije formulieren fine foar de SDS League.

Oprop
It jongereinbestjoer en de TC binne al in moai skoft dwaande mei it sykjen nei in 2e trainer foar de B1 op woansdei (20.15-21.30).
Se ha noch net 1 der foar fûn. No moatte de lieders der woansdei ‘by’ wêze…
We dogge in berop op in trainer dy foar dizze moaie en fuotballende ploeg stean wol!!
Dat moat dochs wol slagje net! De jonges fertsjinne it seker en ‘betelje’ dat ek seker oan de trainer wer út!
Reaksjes kinne
hjir hinne maild wurde.
Klaas Pompstra

Frjemd
Dit wie juster it gefal by SDS 1:
Wy misten dit hiele nije fuotbaljier al broekje nr. 11. It wie net te finen en net ien hie it thus yn ‘e kast. En no foar de wedstryd lei it samar yn it hoekje fan ien fan de spilers: by Robert S.  Hy begrypt der neat fan hoe as dat kin. Wa soe dat no werom fûn ha en krekt by him dellein ha, en hy hie hjoed ek noch nr. 11…….
De measten ha wol in idee ……
mei fr. gr.
Jan van A.

C1 nijtsjes
C1 spile senontemoarn foar de beker tsjin Oeverzwaluwen. Sa op it each in ûngelikense striid want de jonges út Koudum wiene gemiddeld in heale kop grutter. Dochs wist SDS de skea te beheinen ta 3-4.
Sicco Scheltema, oanfierder dan C1 traint de kommende moannen ek ien kear yn de wike bij de jeugd fan ONS. Om noch better te wurden.
Tarina Veenje stie ek yndield bij C1. Spitigernôch is dizze talintfolle doelfrou stopt.

Alvetalfoto’s
In nij seizoen, dus moatte der ek wer nije alvetalfoto’s komme. Wij soene it tige op priis stelle dat de lieders ús de kommende wiken in alvetalfoto takomme litte, sadat wij it oersjoch kompleet meitsje kinne. Miskien dat in âlder de helpende hân biede kin. Maile kin nei
ús adres. Fansels sille wij ek in helpende hân biede mei it meitsjen fan de foto’s.
C1 hat it al foarelkoar, sij steane al op de foto en it resultaat is
hjir te sjen.

Anne Brouwer stoppet?
Wy witte yn Easterein fan neat, mar yn it programmaboekje foar de wedstryd Be Quick Dokkum – SDS skreaun L. Damsma it folgjende:
“Tot slot namens allen een woord van welgemeende dank aan de leider van SDS ,die aan het einde van dit seizoen afscheid neemt en hier voor het laatst ( na 20 jaar dienstverband ) “in Dokkum” in functie is “.

Dat hie Anne us ek wol efkes fertelle kind.

Snurk…snurk
It wie justerjun wer net best mei it ploechje fan van Basten. At je de reaksje yn ferskillende logboeken besjogge, binne der wer hiel wat fuotballeafhawwers yn sliep fallen. Wij binne benijd at SDS-ers de eagen iepenhalde koene: Mei oare wurden: wannear binne jim yn sliep fallen? Maile kin nei
ús adres.

SDS F1 spilet lyk
SDS f1 spile juster mei 3-3 lyk tsjin LSC 1890. Klik
hjir foar it ferslach fan Habtamu de Hoop.



Letter mear!