Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
23 juli 2006
Wepperkes -woansdei-
25 juli 2006

Oefenprogramma SDS A1
It oefenprogramma foar SDS A1 is rûn. Klik hjir om te sjen wat trainer/leider Marco Hoekstra yn de holle hat foar de foarbereiding.

Oefenprogramma SDS 2
Gert-Jan Hiemstra en Jan de Jong hawwe foar SDS 2 ek in oefenprogramma yn elkoar setten. It sjocht der sa út(klik hjir).

Dy broers
Juster melden wij dat Henk Zoetendal it hie oer “dy twa broers”. Foar ús in reden om mister SDS (Oebele de Boer) efkes op de dyk oan te hâlden om te freegjen wat hij dêr fan wit.
Sûnder dat wij it hiele ferhaal fertelden, sei hij: “Bij Joure wiene se net bang foar SDS mar bang foar de Okkema’s. Henk dy’t efter alles fuortroeide en Lolke dy’t foar net te stoppen wie troch syn snelheid.”

Komt it wol goed?

Fansels binne wij ek allegear in bytsje grutsk op Feite Haan, dy’t mei syn 29 jier as in “soarte mei ledenkeatser” dochs noch de PC hellet. Foar heit Klaas wie it yn Itens noch wol allegear spannend, ûndanks dat it hast net mis gean koe.

Nije mûs!
Sûnt koart wurket Aant mei in oar soarte mûs. Is wat grutter, leit lekker yn de hân en makket soms ek noch lûd.

Of freget dit katsje allinne mar oandacht?

List Jong Feintepartij
Ferskeidene SDS’ers dogge woansdei mei oan de Jong Feintepartij yn Easterein. Der dogge dit jier 24 partoer mei. Dit binne 2 minder as foarich jier. Ôfrûne sneon wie de lotting. Ferskeidene SDS’ers sille yn de earste omloop sneuvelje. Easterein 2 moat namelijk yn de earste omloop tsjin Wommels 2 en Easterein 1 tsjin……..Wommels 1. Klik
hjir foar de hiele list.

WK(Wommelser Kampioenskip)
Tiisdeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. Der sil op de Terp fuotballe wurde. It gers is dêr hjoed noch spesjaal meand. 
Wy ferwachtsje yn elts gefal Floris, Harm, Kees, Arie, Tsjipke en Willem.

Net mear wolkom?
Marcel Frankena mei graach golfe en kin ek in aardich baltsje slaan. Hy slaat it leafst in baltsje flak by hûs op de Griene Stjer by Ljouwert. Allinne nei in akkefytsje fanmiddei is hy de earst wiken hjir efkes net mear wolkom(klik hjir).