Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
6 mei 2006
Foto’s SDS A1-Heerenveense Boys
9 mei 2006

Drok dwaande
Dizze wike (moandei?) sil prebeare wurde om it skoreboerd ôf te meitsjen sadat dizze brûkt wurde kin kommende sneon as it earste thús spilet.
Fjirders binne we drok mei de trekker dwaande.
Ek dizze klus sil kommende wike in hiel ein hinne klear komme.
Bestjoer “Skoalleseizze”

Nij?
Marcel Frankena is al drok dwaande mei de selekje fan folgend seizoen. Sa like it of wie der sneon in testspiler mei nei Holwierde. Marcel hie it wedstrydformulier ynfuld en Anne Brouwer moast allinne de nûmers noch ynfulle. Anne seach al wat nuver doe ’t hy de namme; A.Timmer tsjinkaam………. It blike úteinliks om Arjen Posthumus te gean.

Hier kamme?
Anne Brouwer makke sneon syn debút as flagger fan SDS 1. Neffens eigen sizzen gie him dit maklik ôf. De Grinzers wienen it hjir net hielendal mei iens. Dit hearden wy in Grinzer roppen: “Ach man, ga je haar kammen”!


Dochs noch in ferslach
It hiele jier hawwe wij neat heard fan SDS 5. De foarlêste wedstryd dan dochs noch in berjocht. Hoe dat kin? Sjoch hjir!

De bân om
Der binne spilers dy ’t fleugels krije as sy de oanfierdersbân om hawwe. Sa ek Floris Hiemstra. Oanfierder Feite de Haan waard sneon wissele wêrtroch Floris de bân om krige. Floris stoarme hjirmei lyk mei nei foaren wylst hy dêrfoar noch net oer de middenline west wie. Prompt makke hy ek noch in goal.

Foto’s
Letter hjoed kinne jim hjir moaie foto’s besjen fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tusken SDS A1 en Heerenveense Boys.

Wer ris wûn
SDS E2 hat sneon nei 2 ferliespartijen mar wer ris wûn. Klik hjir foar it ferslach fan Johan de Graaf.

Frij
De webmasters hoege heechstwierskynlik sneon net in bordes te bouen oan de Terp foar Ate Feike de Boer. Sneon ferlear Nijlân mei 3-0 by SC Joure wêrtroch sy mooglik de titel ferspile hawwe.

Soer
De iene kear kin je it wat better hawwe as je ferlern hawwe dan de oare kear. Foar SDS F2 wie it sneon wat in soer ferlies yn Boalsert. Lês hjir mar.

SDS-sokken
Sneon wie der keatsen yn Wommels en fansels ek nog foutbaljen. Foar sommige sporters is it wol moeilijk om een kar te meitsjen. Kieze je dan dochs foar it keatsen dan is it dochs wol mooi om sjen te litten dat je ek een SDS hart ha. Sjoch mar nei de sokken fan de winnaars fan de juniore partij yn Wommels..
gr Sipke


Manlju B-klasse
Marten, Bauke en Pytrik krije de krânsen om.
(sjoch ek op de webside fan KF Easterein)

Nij?
Ek Nijlân bejout him op de spilersmerk. Theo Postma(âld-Nijlân) hat him ôfmelden as lid fan SDS. Ús ferwachting is dat hy syn karriëre trochset by Nijlân.

Cool!
Dy Jan-Peter is eins best wol cool(klik hjir).